Ljouwerter foarrinner fan Frans Timmermans hat no in plakette yn Ljouwert

Hy folge Piter Jelles Troelstra op en is de earste minister dy't de SDAP, de foarrinner fan de PvdA, ea levere. Dochs docht de namme fan de Ljouwerter Johan Willem Albarda by de measte minsken gjin beltsje rinkeljen. In nije plakette yn de stêd moat dêr feroaring yn bringe.
Johan Willem Albarda wurdt op 5 juni 1877 berne yn Ljouwert. As hy 36 jier âld is, giet er foar de Sociaal Democratische Arbeiders Partij (SDAP) de Twadde Keamer yn. Tolve jier lang bliuwt er keamerlid, om dêrnei Piter Jelles Troelstra op te folgjen as partijlieder.
Yn 1939 wurde Albarda en partijgenoat Jan van den Tempel de earste sosjalistyske ministers. De Ljouwerter beklaait yn it oarlochskabinet De Geer II de rol fan minister fan Wettersteat.

Op de Nieuwestad 156, dêr't de lêste wenning fan de SDAP'er ea stie, hinget fan freed ôf in plakette. Dy plakette moat de namme fan Albarda wer wat bekender meitsje ûnder it grutte publyk. "Ik moest me eerlijk gezegd zelf ook even in hem verdiepen", seit PvdA-Earste Keamerlid Hetty Janssen by de ûntbleating.
Arbeidersstriid
Albarda is 15 jier partijlieder, fan 1925 oant 1940. In tiid fan krisis, wêryn't der yn de partij relatyf net in soad bart. Dat yn tsjinstelling ta de perioade wêryn't foargonger Troelstra lieder is.
Plakette foar SDAP-minister Alberda út Ljouwert
Dat it boerd der no hinget, is te tankjen oan de stichting De Bres/Ons Gebouw. Peter de Haan fan de stichting: "Troelstra heeft de partij mede opgericht en groot gemaakt in een ingewikkelde tijd van arbeidersstrijd. Albarda heeft zich vooral ingespannen om de partij bij elkaar te houden."
Lêste sinten
It boerd is betelle mei de lêste sinten dy't oer binne fan de ferkeap fan it eardere ferieningsgebou fan de sosjaaldemocraten yn Ljouwert. Janssen is der wiis mei: "Ik hoop dat de mensen zien dat de sociaaldemocratie echt wortels heeft in Leeuwarden, in Fryslân. Dan lees je dit en kom je bij Troelstra en Anne Vondeling. Dit zijn allemaal mensen die de sociaaldemocratie verder geholpen hebben."

Wylst er yn syn bertestêd noch gjin betinkplak hie, hat de SDAP'er yn Den Haag in eigen stânbyld. Yn Den Haag, dêr't it dizze wike benammen oer de lêste opfolger fan Albarda giet: Frans Timmermans. Peter de Haan sjocht wol oerienkomsten tusken de twa politisy.
Bygelyks harren driuw om te ferbinen of harren bekende speeches: "Ook Albarda was een groot orator. Je kon een speld horen vallen als hij een toespraak hield." Dochs tinkt Hetty Janssen dat Timmermans in stik idealistysker is: "Albarda was niet een man van de grote wereldbeelden. Dat is Timmermans denk ik wel."