Marrit Steenbergen fûn by psycholooch de kaai nei sukses: "Finale op WK is realistisch"

Marrit Steenbergen fielt har mentaal sterker as in pear jier lyn © ANP
Marrit Steenbergen wol har op it kommende wrâldkampioenskip swimmen yn Japan pleatse foar in finale. Noch noait earder slagge har dat, mar se tinkt dat it no kin. "Ik heb veel meer vertrouwen in mezelf."
Steenbergen hat al twa Olympyske Spelen meimakke, stie al twa kear op in WK langebaan, is wrâldkampioen koartebaan op de 100 meter frije slach, helle trije medaljes op it WK langebaan én seis gouden medaljes op it EK langebaan. Dochs is se noch mar 23 jier.

Fjouwer kear goud op EK

Nettsjinsteande al dy prestaasjes libbet it idee dat Steenbergen pas ferline jier écht trochbrutsen is. Doe wûn se fjouwer kear goud op it EK yn Rome en pakte se de titel op it WK koartebaan yn Melbourne.
En ja, dat wie op de koartebaan, mei minder toppers as op de langebaan. Dochs kin Steenbergen sprekke fan in topjier. "Vorig seizoen was super. De trainingen gaan lekker en ik zwem veel nieuwe persoonlijke records. Tot nu toe voelt het allemaal goed en hoop ik die lijn door te trekken naar het WK."
Neffens Steenbergen hat se yn maart 2022 in belangryk beslút naam: doe kloppe se oan by in psycholooch. "Sindsdien heb ik echt stappen gezet. Ik ben mentaal erg gegroeid. Ik kan meer aan in het water en heb meer vertrouwen in mijzelf. Doordat ik mentaal sterker ben geworden, ben ik in het water ook beter geworden."

Psycholooch makket har sterker

Steenbergen wie as jonge swimster altyd de bêste yn har âldenskategory. Se swom alle rekôrs út de boeken, wêrûnder dy fan Ranomi Kromowidjojo, ien fan de bêste Nederlânske swimmers ea. Al op har sechstjinde die Steenbergen mei oan de Spelen yn Rio de Janeiro yn 2016.
Dochs hie se doe net echt lêst fan hege ferwachtings. "Misschien indirect wel, maar op dat moment voelde ik dat niet. Achteraf heeft het allemaal misschien wel wat extra druk gegeven. Je wordt toch vergeleken met de beste Nederlandse zwemster ooit."
Se fielde it allinnich net sa. "Op dat moment ging het zwemmen goed, dus dan doet het niet zoveel met je. Maar als het wat minder goed gaat, is dat anders. Dus ik denk dat het vooral indirect iets met me gedaan heeft."
De stap naar een psycholoog is echt de sleutel tot mijn succes geweest.
Marrit Steenbergen
Mar wat triggere har no sa by de psycholooch? Wêrtroch begûn se better te swimmen? "Het is een heel lang traject. We hebben verschillende therapieën gedaan. We hebben het vooral over mezelf als mens en nooit over het zwemmen. Ik heb vooral aan mezelf gewerkt als persoon en mens, om vertrouwen in mezelf te krijgen."

Better swimme troch fertrouwen

Dat wie nedich, leit se út. "Ik was best wel onzeker over mezelf. Ik moest vertrouwen in mezelf krijgen. Ik was onzeker over hoe anderen me zagen. Ik was mentaal niet sterk, maar dat ben ik nu wel steeds meer. Daardoor heb ik meer vertrouwen gekregen in mezelf."
Se wurke oan harsels. Se soarge derfoar dat it net perfoarst útmakke hoe't oaren oer har tochten.
En trochdat se mentaal better waard, gong se ek mear trainen en waard se better yn it wetter. "Die wisselwerking is gewoon heel belangrijk om goed te zwemmen. Je ziet dat sinds ik daarmee ben begonnen, het allemaal beter gaat. Ik zette in het begin echt grote stappen en nog steeds. De stap naar een psycholoog is wel echt de sleutel tot mijn succes geweest."
En dus sit se no lekker yn har fel. "Dat je zoveel meer verbetering ziet, is echt superfijn."
Marcel Wouda, Mark Faber en rjochts Patrick Pearson, dy't no de coach fan Steenbergen is © Orange Pictures
Ek de gearwurking mei har coach Patrick Pearson hat neffens Steenbergen bydroegen oan har nijste suksessen. "Het is heel fijn samenwerken met Patrick. Die begrijpt het heel goed. Hij kan heel goed met mij praten. Hij heeft het praten met een psycholoog ook heel snel opgepakt. Hij is heel begripvol."

Hege ferwachtings of falt it ta?

Fernimt Steenbergen no ek dat de ferwachtings heger binne? "Valt wel mee. Misschien ook wel omdat ik zelf ook wel aan de voorkant de verwachtingen kan managen: ik verwacht niet zozeer dat ik medailles ga halen. Er worden wel meer vragen gesteld dan voorheen, maar ik heb niet het idee dat er meer druk op zit. Dat is fijn."
It foarriedige programma fan Marrit Steenbergen op it WK © Omrop Fryslân
Dêr't op it WK koartebaan fan 2022 in tal toppers net meidie, binne no alle konkurrinten oanwêzich. "Ik hoop een finale te halen. Ik heb nog nooit een finale op het WK langebaan gehaald. En ik hoop dan natuurlijk ook mee te kunnen doen om een medaille. Maar de finale is realistisch."
Hoe grut binne dan de kânsen op in medalje? "Als ik nu kijk naar mijn persoonlijke records, dan sta ik volgens mij zevende op de ranglijst. Dus dan denk je wellicht dat een medaille niet haalbaar is. Maar ik hoop natuurlijk sneller te zwemmen op het WK."
"Dan hoop ik natuurlijk mee te doen met de medailles. Maar dat is niet waar ik van tevoren op mik."

Wêr moatte we de wekker foar sette?

Hoewol't de measte finales om 13.00 oere Nederlânske tiid begjinne, begjint it skema yn Japan altyd om 03.30 oere. Dus foar hokker ôfstân moatte we de wekker sette? "Ja, allemaal", laket Steenbergen. "De 100 en 200 meter vrij en de 200 meter wissel zijn mijn beste afstanden. Ook gelijk aan niveau. De 50 meter vrij doe ik niet zo vaak en is wat meer afwachten."