'De boaiem berikt': "Meitsje lânbou foar 50 persint natuerynklusyf"

Heechlearaar Gjalt de Jong © Omrop Fryslân
De lânbou yn Noard-Nederlân moat yn 2030 op syn minst foar de helte natuerynklusyf wêze. Mei dy ambysje giet heechlearaar Gjalt de Jong de boer op. It noarden soe neffens him foarrinner wêze moatte yn de natuerynklusive wize fan buorkjen. Diel 3 fan de FryslânDOK 'De boaiem berikt' is dit wykein te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân.
De realiteit op dit stuit is dat de biologyske lânbou noch gjin fiif persint fan it totaal beslacht. Minister Adema fan Lânbou wol dêr 15 persint fan meitsje. De Europeeske Kommisje trunet der sels op oan dat it nei 25 persint moat.
Mar professor Gjalt de Jong, heechlearaar duorsum ûndernimmen yn in sirkulêre ekonomy, is noch stelliger. Hy wol dat Noard-Nederlân sjen lit dat yn 2030 leafst 50 persint fan de lânbou natuerynklusyf wêze kin. Dat hoecht net perfoarst biologysk te wêzen, mar wol in wize fan buorkjen dy't yn balâns is mei de natuer.
It 'Sicco Mansholt Transitie Programma' fan Gjalt de Jong © Omrop Fryslân
Neffens De Jong is dat de iennige wize om fierder klimaatûnheil te kearen. "Alle ûndersiken en rapporten litte sjen dat wy sa net fierder kinne, ik kin der net in oar ferhaal fan meitsje", ferklearret De Jong.
Yn gearwurking mei de Agro Agenda Noord-Nederland hat er it 'Sicco Mansholt Transitie Programma' skreaun, in stik dêr't er dy ambysje yn delleit en útleit hoe't dat doel berikt wurde kin. Hy presintearre dat foar belutsenen út de lânbouwrâld op in sympoasium op de universiteitskampus yn Ljouwert.
Gjalt de Jong presintearret syn plannen by de Agro Agenda Noord-Nederland © Omrop Fryslân
In wiidweidich petear mei heechlearaar Gjalt de Jong is as podcast te beharkjen op ferskate podcastplatfoarms ûnder de namme 'FryslânDOK - de boaiem berikt'.
It kin berikt wurde troch feitlik alle kennis dy't der is oer dit tema oan inoar te keppeljen.

Living labs

De Jong wol tsientallen 'living labs' oprjochtsje, briedplakken dêr't boeren har fragen en ûnderfiningen mei-inoar diele kinne en dêr't bedriuwslibben, ûnderwiis en wittenskip meitinke oer oplossingen foar problemen dêr't boeren tsjinoan rinne. Dy kennis moat út allegear dissiplines wei komme, fan lânbou en ekonomy oant biology en genêskunde.
Minister Piet Adema praat mei boeren op tsiisbuorkerij De Deelen © Omrop Fryslân
Minister Piet Adema fan Lânbou fertelt hoe't er tsjin de ûntwikkelingen oansjocht.
Syn ministearje hat 550.000 euro subsydzje beskikber steld foar it projekt, ek Rijksuniversiteit Groningen ynvestearret nochris 300.000 euro. Mei dat jild kinne de living labs opset wurde en kin ûndersyk dien wurde nei nije bedriuwsmodellen foar de lânbou.
Besikers op de lânboubeurs yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Mar it begjint neffens De Jong by de persoanlike motivaasje fan de boer. De heechlearaar is derfan oertsjûge dat in soad boeren djip yn it hert graach op in oare wize buorkje wolle, mear yn oparbeidzjen mei natuer, lânskip en omjouwing.
Hy ropt ûndernimmers op om te sykjen nei dy djipste inerlike driuwfearren en dy yn te setten as 'motor' achter har transysje. As in boer foar himsels beslút natuerynklusiver te buorkjen, soe alle kennis en ûnderfining fan de living labs him helpe kinne yn syn syktocht nei de bêste wize fan omskeakeljen.
FryslânDOK 'De boaiem berikt' - diel 3 (werhelling fan 4/5 febrewaris 2023)
Sneon 22 july NPO2 15.30 oere (werhelling snein 13.25 oere)
Snein 23 july Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele