Ald-FNP-politikus Durk Stoker ferstoarn

Ald-politikus Durk Stoker is tongersdei yn de âldens fan 65 jier ferstoarn. Stoker wie yn it ferline ûnder mear wethâlder yn de gemeente Súdwest-Fryslân en foarsitter fan de Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF).
De lêst jierren fan syn libben wie Stoker direkteur fan in basisskoalle yn Stede Broec, Noard-Hollân. It Noordhollands Dagblad meldt dat skoalbern freed op de lêste skoaldei mei it oplitten fan wite ballonnen ôfskied naam hawwe fan harren direkteur. Stoker wie al in skoftke siik.
Stoker wie fan 2014 oant en mei 2017 wethâlder yn de gemeente Súdwest-Fryslân út namme fan de FNP. Hy gie ûnder mear oer leefberens, ferkear en sportfoarsjennings. Dêrnei wie hy noch efkes fraksjefoarsitter fan de partij yn de gemeenteried.
Ein 2018 makke hy de oerstap nei de gemeente De Fryske Marren. Dêr wie hy fjouwer moannen wethâlder, mei natuer en lânskip yn de portefúlje. Mar dat kolleezje klapte al gau fanwege de sânwinningskwestje yn de Iselmar. Stoker, en de oare FNP-wethâlder Durk Durksz, moasten it fjild romje nei in moasje fan wantrouwen. Sy stimden op it lêste momint tsjin sânwinning, wylst de ôfspraak wie dat se foar stimme soenen.
Stoker wie fierder foarsitter fan de Onafhankelijke Statenfractie (OSF), dat is in lanlik platfoarm fan lokale partijen.