Bioboer Auke út Jorwert set fol yn op eigen buorkerijwinkel: "Hâlde 15 kij oer"

© Omrop Fryslân
Fan syn 75 kij bliuwe der sa'n 15 oer. De rest wurdt ferkocht oan kollega's út 'e omkriten. Bioboer Auke Stremler fan Jorwert hâldt op mei it leverjen fan syn molke oan it fabryk om al syn tiid en enerzjy yn syn eigen buorkerijwinkel te stekken.
"Wy wolle de konsumint noch mear en noch better fan tsjinst wêze", leit Stremler út wylst hy de foarried yn it winkeltsje op syn hiem oanfollet. Der wurdt ûnder oare fleis en molke fan eigen kij ferkocht. Fierder is der tsiis fan eigen molke en noch in ferskaat oan regionale en lokale streekprodukten.
Bioboer Auke Stremler ferkeapet 60 fan syn 75 kij
"It is in aparte stap, dat is ek sa", seit de bioboer op de fraach wêrom't hy 60 kij ferkeapet. "Mar wy dogge op ús bedriuw in soad oan yntinsyf greidefûgelbehear. En dan is it in och heden om genôch fretten foar dy kij te krijen, want it natuerlân bringt no ien kear minder op. Dan moatst fan bûten fretten keepje, en dat kostet nochal wat. Dus ha we sein: we gean nei 15 kij werom en de molke besykje wy yn ús eigen winkeltsje oan 'e man te bringen."

Eigen buorkerijwinkel

Njonken it wenhûs fan de Stremlers sit harren buorkerijwinkel. Auke syn frou Rennie is hjir de baas. Hjir wurdt it fleis fan eigen kij ferkocht, krekt as farske molke. Mar der is ek tsiis fan eigen molke, lokaal makke sûpe, huning, spesjaal bier, griente en ierappels.
© Omrop Fryslân
Rennie fynt it hartstikke moai om te dwaan, fertelt se glimkjend: "It giet fansels om je eigen produkten, mar minsken kamen ek mei in fraach nei griente en bôle. Dus eins kinst hjir telâne foar it komplete plaatsje."

Genôch opbringsten?

Grutte fraach is fansels oft dizze nije wize fan wurkjen ekonomysk sjoen wol genôch opsmyt, benammen no't der net mear oan it fabryk levere wurdt. "Ik ha gjin lêst fan druk of sa", laket Rennie. "We dogge dit tegearre mei in soad wille. As it net slagget, sjogge we wer fierder. We besykje altyd yn oplossingen te tinken, salang it produkt syn paad nei de klant mar fynt."