Tsjerken yn Weststelllingwerf hawwe hieltyd faker oare funksje: "We zien de ontkerkelijking"

De protestantske tsjerke yn Wolvegea, de 'Kerk op de Hoogte' út 1646 © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Fan de 28 tsjerken yn Weststellingwerf, binne der yn 2033 nei alle gedachten noch mar 10 yn funksje as echt tsjerkegebou. Dat docht bliken út de rûtekaart religieus erfguod dy't de gemeente makke hat.
Dêrfoar hat de gemeente kontakt hân mei de eigners fan alle 28 tsjerkegebouwen. Acht fan dy tsjerkegebouwen binne no al net mear yn gebrûk. Dy binne feroare yn bygelyks in wenhûs, in Bêd en Brochje, in kapperssaak of in oar bedriuw.
"We zien de ontkerkelijking ook hier in Weststellingwerf", seit wethâlder Hanneke Zonderland. Ut in ynventarisaasje fan de gemeente docht bliken dat by de helte fan de tweintich tsjerken it tal besikers lytser is as 50 persoanen. By de helte dêr wer fan is dat sels lytser dan 25 minsken.

Monuminten

"Dat is wel iets om even bij stil te staan", seit de wethâlder. "Kerken zijn religieus erfgoed en het is goed dat het Rijk geld ter beschikking heeft gesteld om daar een visie op los te laten. De beeldbepalende gebouwen in bijvoorbeeld de kleine dorpen wil je niet zomaar afbreken."
Wethâlder Hanneke Zonderland © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Dat kin yn in soad gefallen ek hielendal net. Tsjerkegebouwen binne nammentlik faak in ryksmonumint of in gemeentlik monumint. Mar dat der feroaring komme moat yn de bestimming fan de gebouwen is dúdlik.

Lytse mienskip

"Het kleine aantal kerkbezoekers geeft aan dat een hele kleine gemeenschap de kosten moet opbrengen. En dat gaat problematisch worden", seit Zonderland.
De gemeente kin dêr sels neat oan dwaan, mar wol eigners wol helpe by it behâlden fan de gebouwen en it finen fan in nije bestimming. "We hebben contact gezocht met de kerkeigenaren en gevraagd: "Hoe zien julie zelf de toekomst?" Dat gesprek is nog geopend. Wij willen als gemeente vooral meedenken en denken in mogelijkheden."