Ierappelfjilden folop yn bloei, mar de skuorre komt net fol

De Jong op syn jirappellân oan de Aldebildtdyk © Omrop Fryslân
Dit jier is en bliuwt in nuver jier foar bouboeren. Troch de wiete maitiid koene de ierappels pas folle letter as oars de grûn yn. Dêrnei folge fuortendalik in lange perioade fan drûchte. De rispinge fan de ierappels sil dit jier dêrom flink achterrinne.
Je soene it net sizze, de fjilden steane opfallend fol yn bloei. Dat liket prachtich, mar bouboeren binne der hielendal net bliid mei, want no al is dúdlik dat de opbringst fan de ierappels 20 persint minder wêze sil as gemiddeld. "Wij kinne d'r wel 'n mooie foto fan make, maar der hale wij gyn goeie oogst fan", seit bouboer Teun de Jong fan Sint Anne en lanlik foarsitter fan de NAV.

Stress troch drûchte

Dat bart as gefolch fan stress troch de drûchte: "Deur de late poatdatum is de bloei sa massaal dat 't ten koste gaat fan 't antal knollen die't soa'n plant maakt; die kin syn enerzy niet kwyt. En aigenlik is 't soa dat die plant overleve wil, die sit in de stress en dan dinke je at 't niet fia de knollen gaat dan maar fia 't saad en dan mot-y eerst 'n blom hewwe."
En de boeren fernimme it ferskil. Oan guon planten sitte mar twa oant trije knollen, wylst dat gewoanwei acht oant tsien binne. "Deur de bank skatte wij dat d'r 20 persint minder opbringst komt", seit de Jong. De waarsomstannichheden binne neffens him in "horrorsenario" foar bouboeren dy't op klaai ferbouwe.

Prizen

De Jong: "At de plant een keer flink wuttels het, kin die op klaaigrônd heel lang focht fine. Maar die bovenlaag waar kompleet útdroogd. Dus wij hewwe 'n heel moeilike start foor de eerappels, maar datselde geldt ok foor de sipels. De skuur komt dus niet fol."
Gefolch fan in minder folle skuorre is lykwols wol dat de prizen faak stige. "Fooral in de konsumpsy eerappels sienst dat de prizen der posityf op reägere, want krapte, alle mînsen wille dochs alle dagen ete. Alles wat skaars is, is gewild."

Ein fan it seizoen

Wat de krekte opbringst fan 2023 wurdt sil net lyk dúdlik wêze. Boeren witte faak pas yn de rin fan de winter oant maart wat de priisfoarming krekt dien hat.
"At 't 'n droog jaar is, binne de opbringsten faak leger en fâlt de priis met. Dan sait de bouboer achterôf: "'t Likent soa gek nag niet." Maar dat wete wij krekt an 't eand fan 't seisoen", beslút De Jong.