Liveblog
|
21 july
112-nijs fan 21 july: Auto brânt út by Broek | Fytser ferwûne rekke by oanriding yn Dokkum
Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 21 july, 18:00
18:00
Auto brânt út by Broek

Op it carpoolplak It Súd by Broek is freedtemiddei in auto útbrând. De brânwacht waard om 17:30 oere hinne oproppen mar koe net foarkomme dat de auto ferlern gie.
De brânwacht hie it fjoer rap ûnder kontrôle. Wêrtroch de auto yn de brân flein is, is noch net dúdlik.
17:39
Jongen fan Drachten stelt nei oanhâlding fan hûnebegelieder fan de plysje
In 17-jierrige jongen fan Drachten waard tongersdei yn de binnenstêd fan Grins oanholden foar winkelstellerij. Dat barde troch in gelieder fan plysjehûnen om't troch drokte gjin oare plysjeweinen beskikber wiene.
Trochdat auto's dy't plysjehûnen ferfiere gjin achterbank hawwe, waard de jongen op de byridersstoel set. Hy besocht ûnder it petear mei in tsjûge priveeguod fan de hûnegelieder te út de auto te stellen.
Hy stuts it guod mei hânboeien om yn syn bûsen. Dat waard ûntdutsen by it fûillearjen fan de fertochte op it buro. De jongen is foar fierder ûndersyk ynsluten.
17:30
Wurkstraf foar mishanneling
In 19-jierrige ynwenner fan Beetstersweach is feroardiele ta 80 oeren wurkstraf. Hy hie ein febrewaris 2023 in man mishannele op De Kaden yn Drachten. Tegearre mei meardere persoanen hie hy it slachtoffer slein en skopt. De ynwenner fan Beetstersweach hat de man mooglik tsjin de holle skopt doe't dy al op de grûn lei.
It slachtoffer rekke slimferwûne. Syn kaak wie brutsen en út de kom en ek syn noas wie kapot. Hy hat in groede yn it gesicht oerholden oan de mishanneling. Boppedat is der PTSS by him fêststeld.
14:23
Fytser ferwûne rekke by oanriding yn Dokkum

Der is freedtemiddei in fytser ferwûne rekke by in oanriding mei in automobilist op de Strobosserweg yn Dokkum. Mooglik spile it wiete waar in rol by it ûngefal op it oerstekplak.
De plysje en ambulânse kamen mei spoed teplak, de fytser is nei in koarte behanneling oerbrocht nei it sikehûs. It ferkear hie koarte tiid lêst fan it ûngefal.
06:30
Bûtenbrân yn De Westereen
De brânwacht fan De Westereen waard tongersdeitejûn tsjin tsien oere oproppen foar in wenningbrân oan de Egbert Baarsmastrjitte. By oankomst die bliken dat it om in bûtenbrân gong, der stie grienôffal yn in tonne yn de fik. Der kaam ek plysje teplak.
De brânwacht hat de brân út makke. Snein moast de brânwacht yn it doarp ek al yn aksje komme foar ôffal dat op it parkearterrein oan de Sportloane yn it doarp yn brân stutsen wie.
