Miljeu-aktivist promoatet staasjejild mei surftocht fan 1.800 kilometer op plestikfleskesplanke

De 'plastic soup surfer' Merijn Tinga © ANP
Mear as 1.800 kilometer hat er ôflein op in surfplanke fan ûnder oare plestik fleskes. Dizze wike kaam de Ljouwerter miljeu-aktivist Merijn Tinga oan yn Londen, nei in surftocht fan in goede moanne.
Dat syn surfplanke bestie út plestik fleskes, opfiske út de rivier de Theems, is net samar: hy wol it nut fan staasjejild promoatsje. Yn it Feriene Keninkryk sit gjin staasjejild op plestik fleskes en blikjes, sa't yn Nederlân wol it gefal is.
Syn avontuer begûn op 17 juny yn Oslo. Nei syn bytiden helske tocht - mei stoarm Poly tuskentroch - hat Tinga (51) yn London in brief oerlange oan de Britske minister Richard Benyon oer it rapper ynfieren fan staasjejild. Dat die er mei út namme fan Greenpeace en it Wereld Natuur Fonds.
"De echt verantwoordelijke minister durfde het niet aan. Uiteindelijk heeft een andere minister, Lord Benyon, de brief aangenomen. Die heeft ook direct gezegd: 'kom maar terug in september'. Ze hadden er nu een gezicht bij en zagen dat het niet zo eng was."

Swiere tocht

De lêste oardel wike fan syn tocht wie swier, fertelt Tinga. "Na Texel had ik eigenlijk alleen nog maar tegenwind."
De Waadsee © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
In bysûnder stik wie it ein fan it Dútske Waadeilân Borkum nei Tessel. "Langs alle Waddeneilanden, 130 kilometer. Ik heb zeventien uur achtereen op de windsurfplank gestaan. Volledig uitgeput ben ik onder mijn zeil gaan slapen op Texel."

Swalkôffal

Tinga fertelt dat er ûnderweis in soad swalkôffal tsjinkaam is. "Vooral toen ik uiteindelijk in Engeland kwam, daar rijst het echt de pan uit. Zoals waar ik bij de Theems naar binnen kwam, dat was ongelooflijk."
Merijn Tinga mei syn surfplanke, besteande út plestik fleskes © ANP
Syn tocht hat foar fernijd omtinken soarge yn it Feriene Keninkryk. "We zijn op de BBC uitgezonden met een groot item. Dat heeft voor veel aandacht gezorgd. Daarmee kunnen we onze missie om statiegeld snel ingevoerd te krijgen in Engeland meer kracht bijzetten, zeker als ik in september nog eens mag komen."
Yn septimber sil er de ferantwurdlike minister fan miljeu wol moetsje. "Dan overhandigen we de brief die we al bedoeld hadden voor Rebecca Pow, hopelijk met nog tienduizenden handtekeningen extra door de aandacht van de Britse media."

Britten

De Britten sels binne neffens Tinga al lang sa fier. Neffens him is trije út fjouwer Britten foar staasjejild op lytse plestik flessen. "Er is enorme steun voor statiegeld, iedereen met wie ik spreek begrijpt niet dat het er niet allang is. Ik zie daar nu dezelfde discussie als toen we hier in Nederland statiegeld op kleine flesjes probeerden in te voeren. Ik probeer te helpen en daar nu een versnelling in aan te brengen."
Yn septimber sil Tinga dus wer dy kant op. Oft er dat dan wer op de surfplank docht, wit er noch net. "Ik ga waarschijnlijk niet weer surfen, al lijkt me dat wel heel mooi."