Mei Sahraoui der wer by wint Hearrenfean fan OFI Kreta

sc Hearrenfean hat yn Jobbegea in oefenwedstriid tsjin OFI Kreta winnend ôfsletten. It waard 2-0 foar de ploech fan Kees van Wonderen, dy't him tariedt op it nije seizoen.
Op de 103e jierdei fan de klup spile Hearrenfean foar it earst yn it kontroversjele nije útshirt. Dat dienen de Friezen mei ûnder oare smaakmakker Osame Sahraoui yn de basis.
De Noar makke syn earste minuten yn de tarieding, nei in wat langere fakânsje. Hy liet fuort fan him sprekke, troch nei goed tweintich minuten de 1-0 op it skoareboerd te setten.
Nei it skoft ferdûbele Pawel Bochniewicz de skoare. De Poal hie, krekt as Alex Timossi, alris de latte rekke, mar in kertier foar tiid wie it raak mei in kopbal.
Noch twa oefenwedstriden
Foar Hearrenfean wie it de fiifde oefenwedstriid yn tarieding op it nije seizoen. Der komme noch twa: oare wike sneon út tsjin Huddersfield Town en in wike letter thús tsjin FC Metz.
Op 12 augustus begjint foar Hearrenfean it nije earedivyzjeseizoen mei in thúswedstriid tsjin RKC Waalwijk.