Winst fan FrieslandCampina ferdampt hast hielendal

Suvelbedriuw FrieslandCampina hat yn de earste helte fan dit jier 94 persint minder winst makke. Mei elkoar hold it bedriuw acht miljoen euro oer. Yn de earste helte fan ferline jier wie dat noch 139 miljoen.
Neffens it suvelbedriuw komt de delgong troch de minder goeie ekonomyske omstannichheden. Sa wie de molkepriis dy't FrieslandCampina de boeren betelle heger as de merkprizen foar bygelyks tsiis en bûter.
Dêrnjonken moasten djoere foarrieden ferkocht wurde en kochten mear minsken de húsmerken fan de supermerk, omdat dy goedkeaper binne.
De omset gie it earste heal jier wol mei 5 persint omheech, nei 6,9 miljard euro.
"De resultaten over de eerste helft van het jaar zijn niet op het niveau dat men van FrieslandCampina mag verwachten", seit Jan Derck van Karnebeek, topman fan it bedriuw. "Het verbeteren van onze winstgevendheid in 2023 en daarna is dan ook onze topprioriteit."

De topman seit ek dat de kosten tsjin it ljocht holden wurde, "wat mogelijk zal leiden tot herstructureringskosten in de tweede helft van het jaar." Of it ek liede sil ta in reorganisaasje, wol Van Karnebeek net sizze. "Daar kunnen we op dit moment geen uitspraken over doen. We kijken de komende maanden wat er nodig is."