Freedsum protest flechtlingen needopfang Heliconstate: "Sa kinne we net fierder"

Sa'n fyftich minsken ha op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert protestearre tsjin de omstannichheden dêr't flechtlingen yn de needopfang yn Heliconstate mei te krijen hawwe.
De bewenners kamen nei it plein om omtinken te freegjen foar harren libbenssituaasje. Dat dienen se by de Aldehou, omdat dêr ek it gemeentehûs sit.
Meardere flechtlingen, wêrûnder in pear bern, joegen in koarte taspraak oer harren omstannichheden. Ek holden se buorden omheech mei teksten as "Us bern sykje in takomst" en "Ien keamer, in soad dreamen".
Bewenners fan de needopfang oan de Heliconwei yn Ljouwert witte nei in jier noch hieltyd net wêr't se oan ta binne
Yn Heliconstate wenje benammen gesinnen en famyljeleden. Somtiden al hast in jier, sûnt de iepening ferline jier oktober. De wachttiid by de Immigratie- en Naturalisatiedienst (IND), it net hawwen fan in BSN-nûmer en de omstannichheden yn de opfang sels begjinne harren tol te easkjen.
"We tsjin inoar: we moatte wat dwaan", leit de 25-jierrige Rizan út. Hy wennet goed in healjier yn Heliconstate, tegearre mei syn broerke. "We kinne net mear fierder sa't it no giet. Sûnder BSN-nûmer kinne we net wurkje en yntegrearje, mar dat wolle we wol hiel graach."
Dit is een onmenselijke situatie.
Wannear't de bewenners mear perspektyf en in BSN-nûmer krije, is noch net dúdlik. Dat hinget ôf fan de IND, dy't te krijen hat mei lange wachttiden, ûnder oare troch in personielstekoart.
It is in lanlik probleem, dêr't al geregeld omtinken foar frege is. Net allinnich troch flechtlingen sels, mar ek troch VluchtelingenWerk.
"Dit protest is heel begrijpelijk. De procedure duurt veel te lang. Dit is een onmenselijke situatie", seit Pieter Visser. Hy wurket út namme fan VluchtelingenWerk yn Heliconstate. "De mensen hebben stress door de procedure, moeten een douche en wc delen en slapen als familie in één kamer."
"Ze kunnen niks"
Dêrneist wiene der ek oare belutsenen by it protest. Lykas frijwilliger Gea Nakken. Sy jout alle wiken Nederlânske taalles yn de needopfang en makket har soargen oer de bewenners.
"Mensen vervelen zich. Ze mogen niet werken, omdat ze geen BSN-nummer hebben. Ze kunnen niet naar de sportschool omdat ze geen BSN hebben. Ze kunnen gewoon niks doen. En dat is niet wat ze willen. Ze zijn hoogopgeleid en willen werken, maar ze zitten in de wachtkamer. Dit duurt te lang."