Antolovic oer Timmermans: hy hat alluere, mar bliuwt in 'oude witte man'

Frans Timmermans is in swiergewicht en sprekt kiezers fan 'grien' oan. Mar fernijend is er lang net, fynt Mirka Antolovic (PvdA Ljouwert). "Een oude witte man: wel van statuur en allure, maar niet verrassend."
Eurokommissaris Timmermans stelt him kandidaat om de kombinaasje Partij van de Arbeid-GroenLinks te lieden. De fraksjes hoopje mei in mienskiplike listlûker mear stimmen te heljen mei de Twadde Keamerferkiezingen.
It wie gjin ferrassing foar de fraksjefoarsitter fan PvdA Ljouwert, Mirka Antolovic. "Eigenlijk stond het bijna vast. Ik dacht: o, oké, het is nu bekend."

Antolovic joech earder al oan net echt in foarstanner te wêzen fan in mienskiplike list. Sy is benaud dat de sosjaaldemokrasy en it opkommen foar wissens fan bestean ûndersnije.
Ik had gehoopt echt verrast te worden. Een nieuw iemand, een frisse wind.
In grut supporter fan Timmersmans is sy ek net. "Ik was al niet echt voor de gezamenlijke lijst, omdat ik ook geloof dat het anders kan. Maar ik had gehoopt echt verrast te worden. Een nieuw iemand, een frisse wind."
Mar yn stee dêrfan wurdt der in 62-jierrige man út Brussel wei lutsen. "Weinig origineel, wat mij betreft."

Antolovic tinkt wol dat Timmermans in PvdA'er is dy't in soad mei klimaat en duorsumens dwaande is en dêrom ek GroenLinks-kiezers oansprekt. "En ik snap ook dat er tijdsdruk speelt. Je moet wel tegen de andere namen uit Den Haag kunnen, ik geloof wel dat Timmermans dat kan."
'Hotemetoten' út de Rânestêd
Mar sa'n pommerant út de kast lûke, dat hie om har net hoechd. "Ik zou de partijbesturen van PvdA en GroenLinks aanbevelen verder te kijken dan de Amsterdamse grachtengordel. Misschien is er in Maastricht, Weert of Goes ook een goede kandidaat. Het hoeven niet altijd hotemetoten te zijn."
It byld yn Fryslân oer de gearwurking is diffús. Guon binne foarstanner, sa waarden ferskate pommeranten lid fan inoars partij. Bygelyks Hein de Haan (PvdA) en Nathalie Kramers (GL) yn Ljouwert. Op lokaal nivo wurken leden fan de partijen yn in tal gemeenten al gear, bygelyks yn SAM Waadhoeke (PvdA, GL en D66).
Charda Kuipers (GL-fraksjefoarsitter yn Provinsjale Steaten) is in grut foarstanner en hopet op in links, grien en progressyf lûd. Edou Hamstra (PvdA-fraksjefoarsitter yn Provinsjale Steaten) liet GrienLinks yn it formaasjeproses nei de Steateferkiezingen just los, al kaam der úteinlik net in kollezje mei de PvdA.
PvdA-wethâlder Hein Kuiken hat foar ien list stimd, al stie hy earder net te springen. Hy tinkt wol dat der in 'momentum' is. Oaren, lykas lanlik PvdA-bestjoerslid Lutz Jacobi binne folslein tsjin in fúzje. Jacobi fynt it top-down oplein en tinkt dat kiezers der neat oan hawwe.
De nammen fan Ahmed Aboutaleb (boargemaster fan Rotterdam) en Marjolein Moorman (wethâlder yn Amsterdam) wurde faak neamd foar de listlûkersfunksje. As Antolovic in namme kieze moat út dat rychje, dan soe sy foar Moorman wêze.
"Aboutaleb heeft een grote gunfactor. Moorman ben ik wel voorstander van, in de zin van dat zij een jongere generatie vertegenwoordigt. Ze is een jonge vrouw die in Amsterdam bewezen heeft echt stemmen te kunnen trekken", seit sy. Mar ja, ek dizze nammen komme wer út de grutte stêden.

De Ljouwerter fraksjefoarsitter is wol bliid dat Timmermans ambysje toant en net benaud is. Want fanwegen it hjoeddeiske, hurde politike klimaat binne ek politisy opstapt.
"Hij treed wel naar voren. Daar moeten we blij mee zijn. Hij is niet de minste. Maar ik maak me wel zorgen over het politieke landschap."
Ek foar GrienLinks-fraksjefoarsitter Charda Kuipers yn Provinsjale Steaten wie de oanwizing fan Timmermans gjin ferrassing. "Ik vind het logisch dat hij wil gaan voor de hoofdprijs en zie dat zijn kandidatuur breed gedragen wordt."
Yn de krityk dat Timmermans in "oude witte man" is, kin sy har net fine. "Als je oude witte mannen gaat diskwalificeren sla je te ver door. Er is plek voor iedereen dus ook voor oude witte mannen. Politiek gaat over meer dan dat, laten we gaan voor ervaring. Ik denk dat hij ons goed kan vertegenwoordigen."