Pietsje ferlear in skonk, mar rint al har fiifde Vierdaagse: "Ik wol ynspirearje"

Pietsje Hannema rint foar de fiifde kear de Nijmeegse Vierdaagse © Omroep Gelderland
It fertriet wie grut, doe't Pietsje Hannema yn 2007 har skonk amputearje litte moast. In tumor yn 'e linkerskonk hie de senuwen oantaast. Mar se is net út it fjild te slaan: ek dit jier rint se wer de Nijmeegse Vierdaagse.
"Ik wie alles kwyt", seit de Sint-Jabuorster oer dy tiid, no sechstjin jier lyn. "Myn wurk, myn sosjale libben, alles."
Mar se hat hurd wurke en dit jier rint se alwer foar de fiifde kear de Vierdaagse. En dat docht se mei in grutte laits. "It giet hiel goed eins."
Omrop Gelderland rûn in stikje mei Hannema mei:
Pietsje Hannema rint har fiifde Vierdaagse mei ien skonk
De dokters seinen nei de amputaasje dat se heechút noch in lyts stikje rinne koe. Dat snapte Hannema doe ek wol: "Ik wie myn skonk kwyt, dus ik fielde ek neat mear."
Rinnen wie har ding sowieso al net, oant se yn kontakt kaam mei Tjarda Tromp fan it Radboud UMC. Hy frege har oft it har ek leuk like om de Vierdaagse te rinnen. En sy seach it wol sitten.
Dêrfoar hie se earst wol in goede proteze nedich. In klikproteze, dy't yn in bonke fêstsit, wie in útkomst. Se krige har frijheid werom, nei in hiel soad trainen.
Mei in positive mindset kinst in hiel soad.
Pietsje Hannema
Yn 2017 rûn se de Vierdaagse foar it earst. "En no doch ik it alwer foar de fiifde kear. Elkenien moediget my oan en minsken sizze respekt foar my te hawwen, dat ik dit kin."
Dat is ek wat se graach oan oaren sjen lit. "Ik wol útdrage datst echt noch wol wat kinst, ek al hast ien skonk. Hoechst net fuort de Vierdaagse te rinnen, mar it kin wol. Ik wol ynspirearje: it ferliezen fan in skonk is in hiel rouproses, mar mei in positive mindset kinst in hiel soad."