Opera en dûns byinoar bringe, dat besykje Opera Spanga en Ivgi&Greben

Opera Spanga © Dinand van der Wal
In bysûndere gearwurking dit jier by Opera Spanga. Yn 'e mande mei it dûnsselsskip Ivgy&Greben bringe se de opera 'Jevgeni Onegin' op de planken, dy't tongersdei yn premjêre giet yn Spangea.
It inisjatyf komt benammen by Opera Spanga wei. "Er zit veel dans in, maar dat is niet de enige reden dat we er graag dansers bij wilden", fertelt de artistyk lieder fan Opera Spanga, Corina van Eijk.
"Tijdens de beroemde briefscène ziet de hoofdrolspeelster Onegin overal verschijnen. Ik dacht: hoe mooi is het als dit wordt verbeeld door dansers."
Opera Spanga en Ivgi&Greben wurkje gear foar de opera 'Jevgeni Onegin'
Johan Greben fan it dûnsselsskip Ivgi&Greben hopet mei de gearwurking it dûnspublyk waarm te krijen foar opera en it operapublyk entûsjast te meitsjen foar dûns. "Maar we vinden het ook leuk om onze veelzijdigheid te laten zien."