Mear gedrachsproblemen by Fryske bern yn de jeugdbeskerming en -reklassearring

It foarkommen fan trystens ûnder Fryske bern is tanaam © ANP
Fryske bern yn de jeugdbeskerming en -reklassearring hawwe hieltyd mear gedrachsproblemen. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Jeugd- en Gezinsbescherming Friesland.
Alle jierren wurdt ûndersyk dien nei de problemen by Fryske bern oant de 18 jier dy't ûnder de jeugdbeskerming en -reklassearring falle. Yn 2022 gie it om 975 bern yn Fryslân.

Iensumens

"Lanlike ûndersiken litte sjen dat jongelju hieltyd mear mentale klachten hawwe, lykas iensumens en depresje. Dat probleem wurdt ek dúdlik yn ús ûndersyk", seit ûndersiker Femke Boonstra.
Boonstra sjocht by dizze jongelju foaral gedrachsproblemen, problemen yn 'e húshâlding en klinyske steuringen.
Jeugd- en Gezinsbescherming Friesland © ANP
Benammen by it gedrach is in sterke tanimming te sjen yn de lêste trije jier, fertelt Boonstra. "It giet dan foaral om eangst, trystens, prakkesearje of selsskansearring. Mar it probleemgedrach nei bûten ta is ek tanaam, lykas agressyf gedrach, muoite mei gesach en it net oan regels hâlden."

Lange wachtlisten

It kin mei ferskate oarsaken te krijen hawwe. Boonstra: "Trochdat der langere wachtlisten binne, duorret it langer foar't der passende help komt en dan wurde de problemen slimmer." Dêrneist soe de maatskippij meispylje, dy't hieltyd mear freget fan de jongerein. Mar ek de coronaperioade, wêryn't der folle minder sosjaal kontakt wie.
De problematyk freget in soad fan de organisaasjes yn de jongereinsoarch dy't ek safolle mooglik problemen besykje foar te kommen.

Ofglydzje tsjingean

"Wy wurde mei in gebietsteam earder ynset om sa it ôfglydzjen fan bern tsjin te gean en wy analysearje de gedrachsproblemen om te sjen wêr't dy wei komme", seit Boonstra.
"Dêrneist sjogge wy nei it hiele húshâldingssysteem. As der bygelyks finansjele stress is binnen de famylje, kinne oare problemen slimmer wurde: bygelyks hûslik geweld of it gebrûk fan middels. Troch dêr nei te sjen en help yn te setten, is de kâns grutter dat bern mei gedrachsproblemen holpen wurde kinne."