Joël de Jong hat twa medaljes yn de bûse, mar is noch altyd net tefreden

In gouden en in brûnzen medalje. Dat wie de risping fan paralympiër Joël de Jong fan Harns op it wrâldkampioenskip yn Parys. Hy is no thús om by te kommen mar is alwer dwaande mei syn nije doel: De Paralympyske Spelen fan 2024 yn datselde Parys.
"Kijk, dat kan beter", seit De Jong as hy nei it skerm wiist. "Mijn linkerarm draai ik naar voor mijn lichaam. Dat hoeft niet." Hy hat ek wol in idee wêr't dat weikomt: "Ik denk dat ik dat doe vanwege die prothese. Maar voor de balans is het niet nodig."
Sterker wurde
It binne dit soarte fan saken dy't Joël de Jong helpe kinne oan Paralympysk goud, takom jier yn Parys. Mar ek fysyk falt der noch wat te ferbetterjen. "Ik kan mijn linkerbeen, met de stomp, nog sterker maken. Daar is ook kracht en dus tijd te winnen."
Joël de Jong nei in suksesfol wrâldkampioenskip
Hoe oars wie it ferhaal sân jier lien. Sporte koe hy kwealik want troch syn kracht bruts hy de iene nei de oare proteze. Dat binne tinne poaten dy't net geskikt binne foar it sporten. Mei help fan it Foppe fûns koe hy in djoere sportproteze oanskaffe. Doe waard al gau dúdlik dat Joël de Jong in talint wie.
Ik wil onder de 12 seconden lopen
No traint hy op trainingssintrum Papendal, mei de oare leden fan it Nederlânske team. Mei de dei wurdt hy dêr sterker en better. De winsk dy't hy foar it wrâldkampioenskip útspruts koe hy wiermeitsje: It kampioensskipsrekôr ferbetterje.

Dat stiet no mei 12.09 op namme fan Joël de Jong. "Het is niet mijn beste tijd. Dat is 12.03. Ik wil nu kijken of ik onder de twaalf seconden kan lopen want het wereldrecord staat op 11.95."
Startplak foar Paralympyske Spelen
Mei syn wrâldtitel hat De Jong foar Nederlân in twadde startplak fertsjinne foar de Paralympyske Spelen. It is allinnich noch net wis oft hy sels giet. "Ik sta er goed voor maar als er iemand sneller gaat wordt het anders."
De Jong nimt no dizze wike noch rêst en set dan wer útein mei de training. Hy moat 'm klear meitsje foar takom jier: It wrâldkampioenskip yn Kobe en de Paralympyske Spelen yn Parys.