Nyck de Vries reagearret foar it earst op ûntslach: "Het doet pijn"

Op social media hat Nyck de Vries foar it earst sûnt it ferlies fan syn F1-stuoltsje fan him hearre litten. Yn in koart boadskip skriuwt er: "Na recente gebeurtenissen heb ik besloten om wat tijd voor mezelf te nemen, weg van sociale media en dat zal ik blijven doen."
Ferline wike De Vries te hearren dat er nei tsien races yn de AlphaTauri plak meitsje moat foar de Australiër Daniel Ricciardo. Yn dy tsien races koe de koereur út Twellingea net foldwaan oan de ferwachtingen fan de ploech.
"Ik wil Red Bull en Scuderia AlphaTauri bedanken voor de kans om mijn droom werkelijkheid te maken", skriuwt De Vries.
"Natuurlijk doet het pijn dat het Formule 1-avontuur waar ik zo lang van gedroomd heb, vroegtijdig is geëindigd. Maar het leven is geen bestemming, het is een reis, en soms moet je de moeilijke weg nemen om te komen waar je wilt zijn."
Ik wil iedereen bedanken voor alle vriendelijke en bemoedigende berichten. Het was hartverwarmend om jullie steun te voelen.
Hy seit dêrnjonken guon 'interessante' artikels ûntfongen te hawwen oer útspraken dy't er dien ha soe. "Voor de duidelijkheid: ik heb niet met de media gesproken en voorlopig zal ik genieten van wat tijd voor mezelf."
Nij haadstik
Hoe grut oft de teloarstelling ek is, De Vries wol de kop net hingje litte. "Ik zie dit als een bijzondere ervaring die ik heb opgedaan. Ik ga door en kijk uit naar het volgende hoofdstuk."
Terras mei Toto Wolff
Dêroer seit er neat. Oannimlik is dat it wat wurdt yn it lângeôfstânsracen, al waard er ferline wike ek yn Monako spot mei Mercedes-teambaas Toto Wolff. De twa kenne elkoar goed, omdat De Vries jierren as reservekoereur foar Mercedes wurke en ek foar de fabrikant aktyf wie yn de Formule E.