Romme mearderheid foar de fiif deputearren, mar ek grutte soargen oer provinsjale finânsjes

Matthijs de Vries tekenet de oerdracht, wylst Eke Folkerts, Femke Wiersma, Sijbe Knol en Friso Douwstra tasjogge © Omrop Fryslân
Fryslân hat lang om let, as de op ien nei lêste provinsje fan Nederlân, in nij kolleezje fan deputearre steaten. De fiif nije deputearren waarden woansdei allegear mei in romme mearderheid keazen op foardracht fan harren eigen partij.
It giet om Femke Wiersma en Eke Folkerts (BBB), Sijbe Knol (FNP), Friso Douwstra (CDA) en Matthijs de Vries (ChristenUnie).
Dy lêste krige mei 36 fan de 42 stimmen noch de measte stipe fan Provinsjale Steaten. It jongste kolleezje fan Nederlân kin dêrmei los en is no fuortendaliks folslein ferantwurdlik foar it bestjoer fan de provinsje Fryslân.
Foar de plechtichheid yn in brodzige en grôtfolle steateseal wie ek Twadde Keamerlid Caroline van der Plas fan de BBB nei Ljouwert reizge. "Fryslân gaat veel plezier beleven aan Femke en Eke. Dat weet ik zeker", sei de grutske BBB-foarfrou.
Femke Wiersma wie de ôfrûne tiid de rjochterhân fan Van der Plas yn Den Haag en dêrom woe de politika de ynstallaasje persoanlik meimeitsje.
Earder op de dei, by it debat oer it bestjoersakkoart, wie de stimming yn de Steateseal justjes minder feestlik. De folsleine opposysje stimde tsjin bestjoersakkoart 'Oparbeidzje foar Fryslân', omdat se harren soargen meitsje oer de finansjele ûnderbouwing fan de plannen.

"Falske start"

"Wat dit kolleezje docht is net ynvestearje, mar jild útjaan. Dêrom haw ik tsjinstimd", seit fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard fan JA21. Goudzwaard is tige kritysk oer de fiif miljoen euro dy't de fiif gebietsdeputearren útjaan meie yn it gebiet dêr't sy ferantwurdlik foar binne. "It budzjetrjocht leit en heart by Provinsjale Steaten en dêr moat it ek bliuwe. Ik fyn dit in falske start foar it nije kolleezje."
Goudzwaard is fan betinken dat it nije kolleezje fierstente folle jild út de finansjele reserve helje wol. "As de plannen sa trochgeane, bliuwt der mar tsien miljoen as reserve oer en kin in folgjend kolleezje hielendal neat mear."

BBB: jild weromhelje by Europa en it Ryk

Ut namme fan de BBB wiisde fraksjefoarsitter Abel Kooistra de krityk fan de hân. "It is in bewuste kar om it sparjild fan de provinsje te ynvestearjen yn de mienskip. We sille wol besykje om it jild wer werom te heljen by Europa en by it Ryk. Us bestjoer sil him keihurd ynsette om it ynvestearre jild wer werom te fertsjinjen."
Fryslân moet uitgaan van eigen kracht en niet uitstralen 'Den Haag help ons'.
Ofskiednimmend deputearre Avine Fokkens
Neffens ôfskiednimmend deputearre Avine Fokkens (VVD) is dat foarnimmen net realistysk. Sy omskreau it bestjoersakkoart dêrom ûnder it debat as in 'Calimero-akkoord'. "Fryslân moet uitgaan van eigen kracht en niet uitstralen 'Den Haag help ons'. De financiën worden minder. Besturen is dan ook heldere keuzes maken en niet van alles maar wat willen."
De koälysjepartijen giene net yn op it fersyk fan de opposysjepartijen om ôf te sjen fan de fiif miljoen euro foar de fiif gebietsdeputearren. "Wy wolle wat slachfeardiger wurkje", fertelt Kooistra.
It idee fan in gebietsdeputearre mei in eigen budzjet is dat in deputearre by mooglike problemen in hân tastekke kin om guon saken wat flugger út te fieren.
Kooistra seit dat er graach ree is om de opposysjepartijen by in bakje kofje út te lizzen hoe't de gebietsbudzjetten krekt wurkje. "Wy komme net oan it budzjetrjocht fan de steaten. Dat is der en dat bliuwt der."