Gjin ekstra maatregels tsjin drûchte mear nedich, al stiet it grûnwetter leech

Fia it Johan Frisokanaal by Starum is Iselmarwetter beskikber © Steve Photography
Wetterskip Fryslân kin it gaspedaal wer wat loslitte, wat de drûchtemaatregels oanbelanget. Troch it wikselfallige en kâldere waar fan de ôfrûne wiken binne ekstra stappen net mear nedich.
De grûnwetterstan is noch hieltyd leech, mar it delslachtekoart stabilisearret en der is genoch wetter beskikber yn de Iselmar. Wetterskip Fryslân ferwachtet dat dit de kommende wiken sa bliuwt.
Ekstra drûchtemaatregels lykas ynspeksjes fan diken of bereiningsferbodden binne dêrmei net mear nedich. Eardere oproppen om ferantwurde mei wetter om te gean, bliuwe lykwols wol fan krêft, sa lit Wetterskip Fryslân witte.

Wetter foarhannen

It delslachtekoart sit no yn trochsneed om de 175 milimeter hinne. Dêrmei is dat tekoart reedlik lyk bleaun. Troch it wikselfallige waar falt dizze simmer bûten de fiif persint mei drûchste jierren. De grûnwetterstân is noch wol oan de lege kant, dêrfoar is mear tiid en rein nedich.
Iselmarwetter is noch genôch foarhannen. Dat kin by De Lemmer en Starum ynlitten wurde om it peil yn de marren en farwegen heech genôch te hâlden. Dat is ek fan belang om it wetter troch te spielen en it sâlter wurden tsjin te gean.