Waadfûns stelt 4,3 miljoen euro beskikber foar ferbettering fan de fiskstân

In iel ûnder wetter © ANP
It Waadfûns stelt 4,3 miljoen euro beskikber om troch te setten mei in projekt dat de fiskstân yn de Waadsee ferbetterje moat. It projekt wurdt mei twa jier ferlinge oant 2028.
It giet om it projekt 'Ruim Baan voor Vissen 2', wêrmei't wurke wurdt oan it fergrutsjen fan it leefgebiet fan fisk. Want al jierren is de fiskstân te leech en binne de fisken te lyts op it Waad. It is in gearwurking fan de fjouwer noardlike wetterskippen.
Diken, slûzen, keardamen en gemalen hawwe de fisktrek nei it binnenwetter efter de diken flink fersteurd. Dêrtroch komme fisken dreger by marren, streamkes en rivieren, dêr't sy jongen krije. Under oare de seeforel en de iel hawwe dêrfan te lijen.

Barriêres foar fisk fuorthelje

Dêrom wurde barriêres opheft en fiskrûten ûndersocht, om it leefgebiet wer grutter te meitsjen. Dat wurdt dien troch ekologyske ferbiningen werom te bringen by de Waadkust del.
Dan kin it bygelyks gean om it oanlizzen fan oergongen tusken sâlt en swiet wetter, it keppeljen fan ferbiningen mei it efterlân en it stypjen fan paai- en opgroeigebieten.

Langer troch

De útfiering fan it projekt is geandewei djoerder wurden, mar der binne ek oare ideeën ûntstien oer de útfiering. De inisjatyfnimmers pleiten der dêrom foar om oant 2028 troch te setten. De stjoergroep fan Waadprovinsjes hat grien ljocht jûn en ek it Waadfûns hat no ynstimd.
De subsydzjes fan it Waadfûns hawwe der foar soarge dat der foar it hiele projekt yn totaal 60 miljoen euro ynvestearre is yn maatregels en ûndersyk foar de fisken.
Earder hat it Waadfûns al 12,8 miljoen beskikber steld. En de wetterskippen fan Fryslân, Grinslân, Drinte, Noard-Hollân en hegeskoalle Van Hall Larenstein ynvestearren mei.