It âlde gemeentehûs fan Drylts makket plak foar sa'n 50 nije huzen

It ûnkrûd tiert goed foar it âlde gemeentehûs fan Drylts © Gemeente Súdwest-Fryslân
It âlde gemeentehûs fan Drylts makket plak foar de nijbou fan sa'n fyftich huzen. Gemeente Súdwest-Fryslân hat dêr nei petearen mei Stadsbelang IJlst en ynwenners in klap op jûn.
Der waard al jierren praat oer wat der mei it terrein fan it eardere gemeentehûs barre moast. Oant fjouwer jier lyn sieten der noch amtners fan de gemeente, letter waard it kompleks oan de Stadslaan in skoft brûkt as coronatestlokaasje foar GGD Fryslân.

Ferlet fan huzen

Drylts hat lykwols ferlet fan mear huzen foar jongelju, jonge húshâldingen en âlderein.
Wethâlder Michel Rietman jout ta dat it petear oer de takomst fan it terrein lang duorre hat en dat hy him yntinke kin dat minsken dêr wolris wurch fan waarden. Mar it moat wol soarchfâldich, seit er.

Foarkar foar nijbou

No is der lang om let oerienstimming. Yn maart hat de gemeente ynwenners twa opsjes foarlein: it ferbouwen fan it hjoeddeiske kompleks of nijbou. De foarkar wie foar de lêste opsje.
Foardielen fan nijbou is dat der twa kear safolle huzen komme kinne en dat der ek enerzjysuniger wenne wurde kin. Der leit no in wenningbouprogramma mei betingsten en útgongspunten.

It âlde gemeentehûs

It betsjut wol dat it eardere gemeentehûs fan Wymbritseradiel ferdwynt. Dat fine guon minsken wol spitich. "Tijdens de bijeenkomst met inwoners merkte ik dat ook", seit wethâlder Rietman.
"Er zijn huwelijken gesloten en kinderen ingeschreven. Daar zit ook de emotie. Maar er zit nog meer emotie bij het oude stadhuis in de kern. Men is wel bewust dat men hier met wonen aan de slag wil. Dan moet je ook kritisch kijken of dat met het huidige pand kan."
Yn 2020 wie it gemeentehûs coronatestlokaasje © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Rietman lit wol witte dat er it moai fine soe as de ûntwikkelder of arsjitekt lokale kenmerken weromkomme lit, dy't tinken dogge oan de âlde gemeente of de stêd. Fierder hopet er dat ûnderdielen fan it âlde gemeentehûs op 'e nij brûkt wurde kinne by oare projekten.

2024 mear dúdlikens

Hoe't it ûntwerp der krekt út komt te sjen, is noch net bekend. Súdwest-Fryslân hopet yn de rin fan 2024 mear dúdlikens te hawwen oer de ûntwikkelder en it krekte plan.