Juridyske stappen set om opfang fan Oekraïners yn Hjerbeam te kearen

De opfang fan Oekraynske flechtlingen yn Hjerbeam is noch gjin útiten saak. Dat die tiisdei bliken op in gearkomste. Sels de eigeners fan de pleats dêr't de opfang komme moat, binne it net mei-inoar iens.
Yn doarpskafee Oant Moarn kamen tiisdei sa'n 50 ynwenners fan it doarp byinoar. In grut part fielde him oerfallen troch it nijs dat der yn de pleats oan de Rykswei sa'n 30-35 flechtlingen opfongen wurde.
Brief
Guon ynwenners wiene noch net mei in brief op 'e hichte steld. Boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke joech oan dat der wol brieven ferstjoerd binne, mar dat dy sa't it skynt noch net by eltsenien oankaam binne. It doarpsbelang is fia de mail op 'e hichte brocht.
Spul tusken eigeners
De bedoeling is dat de opfang yn it achterste part fan de pleats Sickema State komt. Dêr sit op dit stuit in bêd & brochje. Yn it foarhûs fan de pleatst wennet it pear De Boer, en it bêd & brochje is fan harren dochter. De âldelju ferklearren lykwols net op 'e hichte te wêzen fan it plan fan harren dochter en de gemeente.
De famylje is benaud foar oerlêst en it kwytreitsjen fan harren privacy. De famylje kocht de pleats sa'n sân jier lyn en ferparte it letter mei de bern. De âlden binne net bliid mei de situaasje. "Hier is het laatste woord nog niet over gesproken. Wij laten het niet gebeuren dat dit door onze strot wordt geduwd", ferklearren sy.
Juridyske stappen
Der is in advokaat ynskeakele, mar de boargemaster woe gjin útspraken dwaan oer eventuele juridyske gefolgen. "Dat moeten we hier niet uitvechten."
Wol joech Waanders ta net op 'e hichte te wêzen fan de wensituaasje, al is de eigeneres frege nei mooglike tûkelteammen. "Dit is voor ons een nieuw gegeven. Ik snap dat dat ingewikkeld en pijnlijk is, maar we komen nog met een antwoord."

Guon omwenners fine de grutte fan de opfang net yn ferhâlding mei de grutte fan it doarp, dat ek gjin skoalle, winkel of goede busferbining hat.
Der moat noch in fergunning jûn wurde foar de opfanglokaasje. De bedoeling wie dat de earste flechtlingen net earder as ein augustus yn Hjerbeam ferwachte wurde. Gemeente Waadhoeke moat fan it Ryk yn totaal 255 opfangplakken foar Oekraïners regelje.