'Wyldparkearders' net mear wolkom yn de berms by Bosbad Appelskea

Laco Bosbad Appelscha © Gemeente Ooststellingwerf
Parkearje yn de berms mei net mear by it Bosbad yn Appelskea. By simmerske dagen stiet it parkearterrein geregeld fol, mei as gefolch dat auto's yn de berm delset waarden. Gemeente Eaststellingwerf hat no in oplossing.
De gemeente hat in oerienkomst sletten mei de eigener fan in stik greide dat sa'n bytsje foar de yngong fan it swimbad oer leit. As it parkearterrein oan de Hildenberg fol stiet, is it de bedoeling dat besikers de auto op it stik greide delsette.
Neffens wethâlder Gerben But is it nedich, want alle 'wyldparkearders' soargen ek foar feiligensrisiko's. "Hoofdzaak is dat als er aan weerskanten in de berm geparkeerd wordt, de doorgang versmald wordt en hulpdiensten er niet meer door kunnen."

Mear drokte nei corona

It probleem kaam yn de ôfrûne jierren oan de oerflakte. "In de coronajaren zochten mensen een uitje dicht bij huis, waar nog wat kon. Bij mooi weer ontstond er een onwenselijke situatie. We hebben geprobeerd te handhaven, maar als er zoveel auto's staan, dan wordt het ingewikkeld. Dan ben je eigenlijk al te laat als er iets mis gaat."
Dêrom gie Eaststellingwerf op syk nei parkearromte yn de omkriten. But: "Dat is niet zo makkelijk in een bosrijke omgeving, maar gelukkig is er aan de overkant van de weg een stuk grond beschikbaar gesteld door een bewoner."

Hanthavening troch de berms

De wethâlder is der bliid mei. "Een idealere situatie konden we niet vinden." Hoe't it op de lange termyn komt, doart hy noch net te sizzen. "We kijken eerst hoe het gaat en gaan handhaven de komende tijd. Mensen mogen echt niet meer in de berm staan. Je moet echt gebruik maken van de parkeerplaats en als die vol is van het weiland."