'Gefoelige' klimaatfyzje is earste grutte test wetterskipskoälysje, mar mearderheid stimt foar

Rûch waar boppe de feangreide © Omrop Fryslân & Remco de Vries
In grutte mearderheid fan it wetterskipsbestjoer is tiisdeitejûn akkoart gong mei in fyzje op hoe't Fryslân in wurkber wettersysteem hâldt no't it klimaat sa hurd feroaret. Yn dy takomstfyzje stiet ek dat soks allinnich kin as je it fean yn de feangreidegebieten beskermje.
En dat leit hiel gefoelich by boeren yn it feangreidegebiet, want dan komme der ek oplossings yn byld lykas behoarlike peilferhegings. Yn de ynspraak konstatearren net allinnich boeren, mar ek gemeenten dat dizze fyzje 'Fryslân Klimaatbestendig 2050+' op guon punten fierder giet as it provinsjale Feangreideprogramma dat no útfierd wurdt. By de behanneling tiisdeitejûn kaam der dan ek ûnder oare in amendemint fan de BoerBurgerBeweging oan te pas om ek dy partij foar stimme te litten.

Tsjinstimmen

Dêrtroch wurdt it stik tuskentiids flugger tsjin it ljocht hâlden as earder de bedoeling wie. Boppedat waard nochris befêstige dat foar konkrete maatregels yn de feangreide ynstimming nedich is fan it algemien bestjoer. Foar it CDA en BvNL wie dat net genôch om de soargen wei te nimmen oer de 'sosjaal-ekonomyske gefolgen'. Dy stimden dan ek tsjin.