Fries yn Lviv oer ophâlden graandeal: "It fertrouwen is wol efkes fuort"

Willem Nammensma © Eigen foto
Willem Nammensma hat noed oer de agraryske sektor yn Oekraïne no't Ruslân oankundige hat op te hâlden mei de graandeal. "Dit kin de sektor net hiel lang drage."
Nammensma wurket foar in lânboubedriuw yn Oekraïne, dat ûnder oare nôt, mais, sinneblommen, soaja en ierappels ferbout. Hy seach it ophâlden fan de graandeal al wol wat oankommen.
"Stadichoan is de útfiering fan de deal minder wurden. Der gie al net mear in soad nôt fuort. De hannel stie al ûnder druk en no't de deal stilset is, is it fertrouwen wol efkes fuort."

Oer de dyk of it spoar

Neffens Nammensma binne der wol oare opsjes om it nôt it lân út te krijen. "Zelensky sei juster dat der partijen binne dy't wol skippen stjoere sille, oft Ruslân der no mei akkoart giet of net. En der is de rûte út Roemenië oer de Donau. Boppedat is der it transport oer de dyk of oer it spoar dat trochgean kin. Mar eltse boat dy't minder útfart, hat gefolgen."
En de lânbousektor hie it sowieso al swier yn Oekraïne. "Der wie al nôt oer fan ferline jier. No is de nije risping krekt begûn, ek dat moat opslein wurde. Mar it moat wol in kear fuort. Dit kin de sektor net lang drage."
Nammensma is op dit stuit ûnderweis nei syn wenplak Lviv. Dêr foelen twa wiken lyn deaden by in raketoanfal. "Der is gjin plak yn Oekraïne dêr't je 100 persint feilich binne. Dy gedachte nimme je wol mei. Ik meitsje my der gjin yllúzjes oer."