Liveblog | 19 july

112-nijs fan 19 july: Ko fêst yn de blabze by Sint Jabik | Seis jonge katsjes fûn op 'e sneldyk

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 19 july, 20:24
20:24

Twa negative swimadvizen

Foar twa swimplakken yn De Fryske Marren jildt in negatyf swimadvys fanwegen blau-algen. It giet om de lokaasjes Rohel en Ulesprong oan de Tsjûkemar. De FUMO, dat is de provinsjale miljeutsjinst, riedt minsken ôf om dêr noch te swimmen.
In ferbod is it noch net, mar de kâns op sûnensklachten is dêr wol heech. Dat jildt ek noch hieltyd foar ferskate oare plakken yn Fryslân, lykas De Vleyen (It Amelân), it Nannewiid by Aldehaske, De Swanneblom by Slappeterp en it swim- en surfsintrum Balk.
Der binne noch alve oare offisjele swimlokaasjes mei blau-alch, mar dêr jildt allinne in lichte warskôging.
17:49

Ko fêst yn de blabze by Sint Jabik

© AS Media
De brânwacht hat by Sint Jabik in ko út de blabze lûke moatten. De ko stie oan 'e mul ta fêst, njonken de Poldijk. It wie noch in flinke toer om it bist los te keijen, mar úteinlik slagge it om de ko te befrijen.
17:12

Twa auto's yn de sleat by Wâlterswâld

© RTV NOF
Twa auto's binne woansdeitemiddei yn de Strobosser Trekfeart bedarre nei in botsing. It ûngelok barde op de krusing fan de Trekwei mei de Wâlddyk.
De iene bestjoerder soe de Trekwei opride, mar seach de oankommende auto te let. Mei in botsing ta gefolch.
De ynsittenden binne kontrolearre troch de ambulânsemeiwurkers. Hoe't de slachtoffers deroan ta binne, is net dúdlik. De auto's rekken swier skansearre.
16:31

Fytser skept yn Boalsert

© AS Media
In fytser is yn Boalsert skept troch in auto by in slim ferkearsûngelok. De helptsjinsten kamen manmachtich yn aksje.
De fytser is kontrolearre troch ambulânsepersoniel en nei it sikehûs brocht.
De plysje hat in ûndersyk start nei it ûngelok
16:03

Plysje fynt seis jonge katten by de sneldyk del

De katten binne opfong yn in sel © Plysje De Fryske Marren
De plysje hat moandeitejûn seis jonge katten fûn op de 'fly-over' fan de A6/A7 fan De Lemmer rjochting Snits. De plysje stoppe om't in auto yn de berm stie.
De bestjoerder hie de jonge katten rinnen sjoen yn de berm en op de flechtstripe en besocht se te fangen.
De plysje hat twa fan de groep jonge katten fange kind. Ien fan de katten hat de nacht yn de sel trochbrocht. De oar wie ûnder it dashboard fan de plysje-auto krûpt.
Beide bisten binne ûnderbrocht by de biste-ambulânse.
16:00

Brânbulte op It Hearrenfean

De bulte stie yn ljochte lôge © ProNews Producties
De brânwacht fan It Hearrenfean is útriden foar in brân yn in grutte bulte mei snoeiôffal. De bulte mei takken lei oan de K.R. Poststrjitte. Der kaam in soad reek frij, hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend. De brânwacht is mei meardere weinen útriden om it út te krijen.