Soad ferkear raast oer Fjildwei by Terkaple, doarpen wolle feiligere dyk

Thomas (R), Krista en Tylo © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De Fjildwei tusken Terherne en Eagmaryp moat in stik feiliger wurde foar it ferkear. Dat fine de doarpen oan de dyk. Der wurdt te hurd riden, wylst basisskoallebern de dyk in soad brûke.
"Goed opletten hier hoor", ropt Thomas fan groep 7. Hy fytst nei de krusing fan Terkaple ta. Ienkear dêr wachtet er op Tylo en Krista: alle dagen fytse se mei har trijen nei de basisskoalle yn Terherne.
Se fernimme dat de Fjildwei net feilich is. "Het verkeer gaat heel snel en je moet goed uitkijken. Daarnaast moeten we een paar keer oversteken en dat zorgt ervoor dat het nog gevaarlijker wordt."
De Fjildwei by Terkaple moat feiliger
By de basisskoalle yn Terherne stiet ferkearsfeiligens heech op de aginda. Om't skoallen yn de omkriten de doarren sletten ha, komme bern út ferskate doarpen nei Terherne ta.
"Wy wolle ek dat de diken feilich binne", seit skoaldirekteur Elisah van Zanden. "We ha bygelyks in wike fan de ferkearsfeiligens en de bern ha sels ek ferkearsbuorden makke. Dy komme hjir oan de dyk te stean, want dan hoopje wy dat automobilisten minder hurd ride."
Elisah van Zanden (L) en Wies van der Sluis © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Pleatslik Belang Terkaple-Eagmaryp freget al jierren om oanpassings oan de dyk. "Ik denk dat we er in totaal al zeven jaar mee bezig zijn", seit bestjoerslid Wies van der Sluis.
De gemeente De Fryske Marren stelt jild beskikber om de dyk oan te passen. "Daar zijn we ongelooflijk blij mee. We willen met dorpsgenoten naar een oplossing zoeken."