Danny Noppert útskeakele op World Matchplay of Darts

Danny Noppert © Orange Pictures
Darter Danny Noppert fan De Jouwer is útskeakele op de World Matchplay of Darts yn it Ingelske Blackpool. Yn de achtste finale wie Nathan Aspinall mei 9-11 te sterk.
Noppert moast hast de hiele wedstriid yn de efterfolging. Hy kaam noch wol mei 2-1 foar, mar dêrnei hie Aspinall hieltyd it inisjatyf. Ferskate kearen pakte de Ingelskman twa legs foarsprong, mar Noppert liet sjen oer karakter te beskikken.
By 9-9 gie it mis foar de Jouster. Hy ferlear syn eigen leg en dus kaam Aspinall op 9-10. De Ingelskman hoegde doe allinnich mar syn eigen leg binnen te heljen foar de oerwinning. Dat slagge mar krekt: Noppert hie de leg mei dûbel-20 útsmite kind, mar dat slagge him net. Aspinall makke dêrnei gjin flater en helle de wedstriid binnen.