Fryslân yn top 3 provinsjes mei measte snackbars de tûzen ynwenners

Wa't nocht hat oan in frikandel spesjaal, patatsje mayo, bearehap of in tsiissûfflee kin yn ús provinsje by flink wat snackbars telâne. Fryslân stiet yn de lanlike top 3 fan de provinsjes mei de measte snackbars de 1.000 ynwenners, docht bliken út ûndersyk fan Thuisbezorgd.nl.
Ut it grutte snackbarûndersyk komt nei foaren dat der yn Fryslân yn trochsneed 0,38 snackbars op 1.000 ynwenners binne, likefolle as yn Grinslân. De provinsje Seelân stiet lanlik op nûmer 1 mei gemiddeld 0,51 snackbars de 1.000 ynwenners.
Yn Fryslân ha de Waadeilannen de grutste 'snackbartichtens' (3,17-4,91), op ôfstân folge troch de gemeenten Eaststellingwerf (0,67) en Harns (0,57). Smellingerlân hat neffens it ûndersyk relatyf de minste kar, mei 0,2 snackbars de 1.000 ynwenners.
Yn de regio Noardeast-Fryslân is relatyf sjoen de measte kar op Skiermûntseach en It Amelân. Dêr binne der trije kafetariasaken op 1.000 ynwenners oanwêzich. Troch it toerisme op de eilannen is it oantal heger as oan de fêste wâl.
Fan de oare gemeenten yn it gebiet binne der it minste tal snackbars yn Dantumadiel en Tytsjerksteradiel, mei respektyflik 0,26 en 0,22 de 1.000 ynwenners. De gemeente Noardeast-Fryslân skoart krekt wat heger mei 0,44 de 1.000 ynwenners. Yn de gemeente Achtkarspelen is dat mei 0,32 de 1.000 ynwenners krekt wat minder.
Klik op ûndersteande kaart om te sjen hoefolle snackbars de 1.000 ynwenners der yn dyn gemeente binne:
De trochsneed ôfstân ta de kafetaria's ferskilt lanlik. Neffens sifers fan 2022 fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) is it lanlik gemiddelde ta kafetaria's en oare snackgelegenheden as shoarmasaken en lunsjrooms 800 meter.
Foar de provinsje Fryslân is dit 1,4 kilometer. Foar in fette hap yn it noardeasten fan Fryslân reizgest it fierst yn de gemeenten Tytsjerksteradiel (2,7 kilometer) en Noardeast-Fryslân (2,2 kilometer).
Om't der op It Amelân en Skiermûntseach op 1.000 ynwenners de measte kafetaria's binne, is de ôfstân foar in fastfoodmiel it lytst. Op minder as in heale kilometer kinst dêr ien fine: op Skiermûntseach is dit 300 meter en op It Amelân 400 meter.
Yn Achtkarspelen en Dantumadiel leit it mei in ôfstân fan respektyflik 1 en 1,2 kilometer krekt ûnder it provinsjale gemiddelde.