Earste bewenners yn needopfang Goutum oankaam: “Buurt, kom maar op met jullie klussen”

It eardere hotel Campanile yn Goutum © LEO Middelsé
De earste bewenners ha harren yntrek naam yn de needopfang fan Goutum. De ôfrûne dagen kamen de earste flechtlingen oan yn it eardere hotel Campanile.
De earste groep fan tritich kaam freed oan, streekrjocht út Ter Apel wei. De twadde groep moandei, sy wennen hjirfoar moannen oanien yn in hal yn Goes en Zuidbroek, fergelykber mei de eardere opfang yn it WTC yn Ljouwert.

ROL

Yn de rin fan de wike komt der noch in groep bewenners. Yn totaal is der yn Campanile plak foar 110 flechtlingen. De needopfang bliuwt iepen oant de Regionale Opvanglocatie (ROL) oan de Troelstrawei yn Ljouwert iepen kin.

Frijwilligerswurk

De komst fan benammen Turken, Syriërs en Jemeniten, hâldt ynwenners fan Goutum al langere tiid dwaande. Doarpelingen binne benaud foar oerlêst en ûnfeilige situaasjes. Dêrneist hearsket it byld dat flechtlingen de hiele dei neat te dwaan hawwe.
Hoewol't it COA soarget foar in deibesteging, ropt it ek de buert op om mei ideeën te kommen. "Hebben jullie klussen? Kom maar op", seit manager Miranda Bakker. "Wy kinne echt in hiel soad betsjutte. En it soe in leuke manier wêze om inoar kenne te learen."