Undersyk nei permanint azc yn Hearrenfean-West, lokaasje yn Balk mooglik langer iepen

© ANP
Gemeenten Hearrenfean en De Fryske Marren sjogge nei Hearrenfean-West as in mooglike lokaasje foar in nij, permanint azc. Op It Hearrenfean wiene al trije oare mooglike lokaasjes oanwiisd foar in azc dêr't 450 minsken ferbliuwe kinne. Ek bliuwt it azc yn Balk mooglik langer iepen.
De nije lokaasje dy't de gemeenten op it each hawwe, leit by de wyk De Greiden en de Engelenfeart yn de buert. It leit foar in grut part op it grûngebiet fan de gemeente De Fryske Marren. Dêrom hat it kolleezje fan De Fryske Marren frege oft Hearrenfean iepenstiet foar in mienskiplike ferkenning.

Oant 600 opfangplakken

Der wiene al plannen om op dat plak in wenwyk te realisearjen. In eventueel azc yn Hearrenfean-West soe romte biede moatte foar op syn minst 450 en maksimaal 600 opfangplakken.
Yn april waard yn de gemeenteried fan Hearrenfean al besletten dat der in azc komme soe. De plakken dy't de gemeente al op it each hie, binne 'Noordplot', net safier fan it Abe Lenstrastadion, 'Noordoost', by it yndustryterrein, en 'Fean plantsoen', by wenwyk De Greiden yn de buert.
By ynringearkomsten die bliken dat in diel fan de bewenners fan de wiken soargen hat oer in mooglik azc. Bewenners fan de wyk Hearrenfean-Noard starten in petysje om de wyk fan de list ôf te heljen. Dy is goed 500 kear ûndertekene. De petysje sil meinaam wurde yn de beslútfoarming.

Noch in ynringearkomste

Yntusken hawwe ynwenners fan dy wiken ideeën oanleverje kind oer de lokaasje by in ynringearkomste. Om't de lokaasje Hearrenfean-West no ek meinaam wurdt, komt foar de bewenners fan dizze wyk noch in ynringearkomste. Dat sil barre op 7 septimber yn Thialf.
Dêrtroch wurdt it beslútfoarmingsproses mei in moanne ferlinge. De ried fan De Fryske Marren stimt op 18 oktober oer it foarstel fan it kolleezje. As der ynstimming is, sil de gemeente tegearre mei de gemeente Hearrenfean ûndersyk nei de lokaasje útfiere.

Balk

De lokaasje yn Balk sil mooglik trije jier langer iepen bliuwe. Dat freget it kolleezje fan De Fryske Marren oan de ried nei oanlieding fan it fersyk fan demisjonêr-steatssekretaris Van der Burg en it COA. Oer dit foarstel bûget de ried fan De Fryske Marren him takom woansdei al.