Bûtenlânske klups hawwe ynteresse foar Cambuur-spiler Alex Bangura

Alex Bangura © Dijks Media
Fan de Italiaanske Searje A út is der serieuze ynteresse foar Alex Bangura. Ek yn België hawwe ferskate ploegen de 24-jierrige ferdigener fan Cambuur foar it fizier.
De kâns is grut dat Bangura syn lêste wedstriid foar Cambuur spile hat. De ferdigener dy't yn 2018 oerkaam fan de jeugd fan Feyenoord hat noch in kontrakt oant healwei 2024. Dêrtroch hawwe de Ljouwerters rjocht op in transfersom.

Nij aventoer

Yn novimber ferline jier is der gebrûk makke fan de ienjierrige opsje yn syn kontrakt. Dêrtroch stiet Bangura oant healwei 2024 ûnder kontrakt by de Ljouwerters. Dat is doe al bard mei de ynstek om dizze simmer Cambuur te ferlitten.
De ynternasjonal dy't fiif kear foar Sierra-Leone útkommen is, hat der nea in geheim fan makke dat er klear is foar in nij aventoer. "De club weet hoe ik erover denk. Dit is het moment", sa seit er. Yn totaal hat Bangura fiif jier de kleuren fan Cambuur ferdigene, twa seizoenen dêrfan spile de klup yn de earedifyzje.