Lêste noch útstjoerend radioljochtskip Jenni Baynton yn Harns giet iepen foar publyk

It lêste skip dat noch radio útstjoert leit yn Harns. It is it opfallende reade radioljochtskip de Jenni Baynton. It hat in fergelykbere skiednis as dat fan Veronica.
It begûn as farrende fjoertoer yn 1949. Dêrnei hat it noch in diskoteek west. Yn 2005 kocht de stichting Vrienden van het Lichtschip it en de frijwilligers makken der wer in funksjoneel skip fan.
Snein wie de earste iepen dei, fertelt Sietse Brouwer fan de Stichting. "Wy wolle begjinne om sneintemiddeis iepen te gean foar foarbygongers. Dus as ien hjir tafallich delkomt en tinkt 'hee, wat leuk', dy kin oan board komme en dan lizze we út wat it west hat en wat it wurde moat."

Fia de middenweachstjoerder AM 747 kin hiel Fryslân en fier dêrbûten harkje nei Radio Seagull en oare programma's. En yn Ingelân sitte se op 1476. De fergeliking mei Radio Veronica en Radio Caroline is logysk, fynt Brouwer. "Dy binne ek sa begûn. Veronica is sels begûn op in âld, Dútsk ljochtskip."
It is takom jier fyftich jier lyn dat it ophâlden is. De stichting fielt him eins wol ferplichte om dêr wat mei te dwaan. "We binne it lêste sendskip dat it noch docht", leit Brouwer út.
"We hawwe plannen om mei it skip foar in moanne de see op te gean. Dan lizze we op de Waadsee foar anker. Dan kinne radiostasjons, as se dat wolle, fan dit skip ôf útstjoere."

It radioljochtskip is multyfunksjoneel. Neist radioútstjoeringen wol de stichting ek romten ferhiere en eveneminten organisearje of presintaasjes en eksposysjes. Sa besykje se de Jenni Baynton te behâlden.
