Charda Kuipers foarstanner fan yntinsive gearwurking PvdA en GroenLinks: "Eén lijst, één programma"

Charda Kuipers (GrienLinks), mei rjochts fan har fraksjegenoaten Elsa van der Hoek en Jochem Knol © Hoge Noorden / Jacob van Essen
PvdA en GroenLinks meitsje moandei bekend oft se by de Twadde Keamerferkiezings yn novimber in mienskiplike kanditatelist fiere sille. Fraksjefoarsitter Charda Kuipers fan GrienLinks yn Fryslân is der wol oerút: "Eén lijst, één programma."
"Ik heb voor gestemd, omdat ik denk dat we echt een links en een groener geluid nodig hebben", seit se. By de leden fan PvdA en GrienLinks yn Fryslân hearsket lykwols ek sepsis oer it plan foar yntinsivere gearwurking.
Kuipers sels wie earder ek noch kritysk, mar neamt it no needsaak dat der gearwurke wurdt. "Ik denk dat we het nodig hebben. Wij zijn altijd voor goede samenwerking en dit is een nieuwe vorm, ik vind het heel spannend, maar het zou zomaar eens kunnen werken."
Hein Kuiken, PvdA-wethâlder yn de gemeente Ljouwert © Omrop Fryslân
Dêr slút Hein Kuiken, PvdA-wethâlder yn Ljouwert, him by oan: "Ik heb dit weekend ook voor gestemd." Hy stie earder ek net te springen om dizze gearwurking, jout er ta. "Maar zoals mevrouw Kuipers ook stelt, er ontstaat een bepaald momentum om nu met elkaar een gezamenlijke lijst in te vullen. Het speelveld ligt landelijk helemaal open. De opgaves van dit land gaan onze partijverschillen te boven."
As opjeftes neame de beide politisy it klimaat, ferduorsuming en de kleau tusken earm en ryk. "GroenLinks heeft een prachtig geluid, goede ideeën, de Partij van de Arbeid heeft ontzettend goede ideeën", seit Kuipers. "Als je die bij elkaar brengt doe je echt iets moois voor Nederland."

Utslach

Wa't de karre yn it gefal fan in mienskiplike list lûke moat, witte Kuipers en Kuiken noch net. "Ik twijfel heel erg wie daarvoor de beste naam zou zijn", seit de foaroanfrou fan GrienLinks. Misschien komen ze ook wel met een nieuwe naam, misschien is dat nog wel beter."
Moandeitemiddei om 16.45 oere wurdt de útslach bekend makke fan de ledereferinda oer de gearwurking. Partijlieders Jesse Klaven (GroenLinks) en Attje Kuiken (PvdA) sille der dan ek op reagearje.