Nije episoade yn penaltysoap: ONT wol fjild net mear beskikber stelle

© Shutterstock
De fuotbalferiening vv ONT wol syn fjild net mear beskikber stelle foar it oernimmen fan de penaltyrige tusken VV Hurdegaryp en Heerenveense Boys. Dat hat de klup sneintejûn witte litten oan de belutsen klups en de KNVB.
It fuotbalbûn hat sneintejûn fia in mail oan de klups witte litten dat it oernimmen fêststeld is op kommende tiisdeitejûn om 20.00 oere op it fjild fan ONT yn De Pein.
De KNVB skriuwt yn de mail fierder dat it oan de trije klups, de plysje en de boargemaster fan Smellingerlân is om in beslút te nimmen oft dêr ek publyk by oanwêzich wêze mei. En krekt dat sjit by vv ONT yn it ferkearde kielgat.
De penaltysoap tusken de twa klups duorret no al wiken. It begûn allegear mei in reglemintêre flater fan de skiedsrjochter yn de beslissende wedstriid tusken de beide klups, dy't om degradaasje út of promoasje nei de twadde klasse gong.
It fuotbalbûn KNVB kaam nei dy wedstriid frij rap ta it beslút dat de penalties oernij nommen wurde moasten, wylst Hurdegaryp de searje yn dy earste wedstriid wûn hie. Nei diskusje en in koart pleit fan Hurdegaryp tsjin de KNVB hat it bûn meidield dat de strafskoppen foar sneon 22 july oerdien wurde moatte.
ONT hie by it bûn oanjûn dat it bêst it fjild beskikber stelle woe, mar dan wol de organisaasje folslein by de KNVB dellizze woe. "Zowel voor veiligheid als voor eventuele schade. ONT wil en kan geen onderdeel van die verantwoordelijkheid zijn", skriuwt de klup.
Hurdegaryp en Heerenveense Boys soenen dat neffens ONT moandei mei de KNVB beprate, mar dat hat it bûn dus net ôfwachte. ONT hat dêrom besletten de stekker derút te lûken en it fjild net mear beskikber te stellen.
De KNVB en de twa klups moatte dêrom op syk nei in nije lokaasje foar de seizoenfinale fan de penaltysoap.