Yn de nacht nei de Pride is it reinbôgebankje fan Kollum alwer bekladde

© Sake Beerstra
It reinbôgebankje yn Kollum is foar de tredde kear slachtoffer wurden fan fandalisme. Yn de nacht nei de Pride yn it doarp, hawwe ûnbekende dieders it bankje bekladde mei reade ferve.
Mei de sloardich oanbrochte ferve is op 'e nij ôfkarring oanjûn. Under oare it wurd 'homo' falt ûnder it bankje te lêzen, de deksel fan de fervepot bleau yn it gers lizzen. Op sosjale media litte in soad minsken witte de aksje tige sneu en begrutlik te finen.
"Gisteren vieren we bij deze bank de liefde, vandaag was er weer iemand die ons een dodelijke ziekte toewenst", fersuchtet Ricardo Brouwer. De âld-Kollumer set him yn foar de lhbtiq+-mienskip en belibbe sneon in geweldige dei troch de Pride. "Maar we geven niet op, we gaan door!", sa lit er as statement witte.
Noardeast-Fryslân is al in lytse trije jier reinbôgegemeente. Yn it ramt dêrfan is op 17 maaie it bankje oan it Nieuwpad pleatst. In pear dagen letter wie it lykwols al bekladde mei swarte ferve. Der stiene mearder leuzen om it bankje hinne, lykas 'Gay = niet OK.'

"Fertrietlik"

Wethâlder Rebecca Slijver spruts fuort út it tige fertrietlik te finen. Net allinne om't it om fandalisme fan mienskiplik eigendom giet, mar ek om't it bankje der just delset wie om sjen te litten dat Noardeast-Fryslân in feilige en gastfrije gemeente is. Ek boargemaster Johannes Kramer joech blyk fan syn ûntefredenens.
Sa heart it bankje der by te stean © Omrop Fryslân
It ûntbleatsjen fan it bankje wie al bewust sober holden, want earder binne der alris flaggen stellen en minsken út de reinbôgewurkgroep fûnen kondooms mei ynhâld yn de brievebus. Twa bankjes yn Dokkum waarden ek swart ferve.

Wer bekladde nei oankundiging

It bekladzjen fan it bankje wie de reden foar Kollumers Milan van Brummelen en learares Kim van Soest om 3FM en HUMAN út te nûgjen om in Pride te organisearjen yn it doarp.
Ofrûne moandei waard it bankje yn Kollum op 'e nij slachtoffer fan fandalisme, nei't oankundige waard dat dy Pride der komme soe. 'Rot op!' en 'Vergiftig jullie eigen kind', wie der no mei in spuitbus op de grûnplaat oanbrocht. Foar de Pride is it wer fuorthelle, mar yn de nacht nei de Pride hat in ferkeardeling alwer mei ferve yn 't spier west.

Pride yn Kollum

By de Canal Pride waard sneon in 23-jierrige frou fan Leiden oanholden, dy't har net identifisearje koe en dêrnei útnaaie woe. Fierder wie der ien tsjindemonstrant by de Pride, dy't in spandoek mei 'One Love' mei in krús dêrtrochhinne by him hie. Dizze man kearde him tsjin de Pride om't er fynt dat it yn striid mei de bibel is.
De Pride yn Kollum © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Utsein dat hat de Pride in tige feestlik barren west. Hûnderten minsken kamen op it evenemint ôf. De wâlskanten stiene fol en der wiene allerhanne reinbôgeflaggen en kleuren te sjen. Sels by de tsjerke hong in reinbôgeflagge.