Earste mienskipsgebouwen kinne ferduorsumje mei stipe fan provinsjejild

Ofswaaiend deputearre Klaas Fokkinga © Omrop Fryslân
Provinsje Fryslân hat yn totaal 5 miljoen euro beskikber steld út de opbringsten fan Wynpark Fryslân om gebouwen dy't wichtich binne foar de lokale mienskip te ferduorsumjen. De earste 77 projekten kinne úteinsette.
'Maatskiplik fêstgoed', sa omskriuwt de provinsje it. Dêrmei wurde bygelyks doarpshuzen, musea, tsjerken en sportakkommosaasjes bedoeld. Om't sokke gebouwen fan grut belang binne foar de leefberens, hat de provinsje derfoar keazen te helpen mei it duorsumer meitsjen.
De bedoeling is om foar de winter safolle mooglik projekten úteinsette te litten, want dan wurdt de measte enerzjy ferbrûkt. "It is koartdei", jout ôfswaaiend deputearre Klaas Fokkinga ta. "Mar dêrom krijt men ek trije jier de tiid om it út te fieren. As it dizze winter net slagget, kin it takom winter of dy dêrnei."

77 projekten

De regeling rint fia it besteande Iepen Mienskipsfûns. Yn maart hat al in earste ronde mei oanfragen west. Der binne 114 oanfragen dien, wêrfan't foar 77 projekten it jild takend is. Sa'n 67 persint fan de oanfragen krijt dus stipe.
In oandraach is foar maksimaal 70 persint fan de projektkosten, mei in maksimum oant 35.000 euro. "Gewoanwei wurdt der dan 40 persint subsydzje ferliend op de totale kosten. No dogge wy 70 persint, just om't wy it sa wichtich fine."
Sinne-enerzjy kin net allinne partikulieren, mar ek bygelyks in doarpshûs helpe © ANP
In ûnôfhinklike kommisje mei saakkundigen bûget him oer in tal kritearia, leit Fokkinga út. "It giet om it ferduorsumjen sels, mar ek draachflak binnen de organisaasje, it doarp of de omjouwing, gearwurking mei pleatslike ûndernimmers of eigen minsken en de eksploitaasje fan gebouwen."

Septimber

Mei de earste ronde is al 2,3 miljoen euro útjûn, de restearjende 2,7 miljoen folget yn septimber. "Dat is ek om te sjen hoe't in tal saken rint, miskien moatte je tuskentiids wat bystelle."
Neffens de provinsje foarsjocht de subsydzje yn in ferlet. "Der wie in soad flecht op 'e koai, dus wy tinke dat it in grut sukses wurdt." De twadde subsydzjeronde fynt fan 18 septimber oant 5 oktober plak.