It bêste ierappelras moat winne op in proeffjild fan de kwekersferiening

Proeffjildkommissaris Freerk Zwart © Omrop Fryslân
Nije ierappelrassen kweke dy't resistint binne, genôch opbringe en dêr't ek wat smaak oan sit. Dat is it doel fan de Fries-Groningse Aardappelkwekersvereniging. Dit jier is der in grut proeffjild yn Easterbierrum oanlein, om't de feriening 70 jier bestiet.
It earste part fan it proeffjild by de Hoarnestreek yn Easterbierrum is freed dold. Freerk Zwart, de behearder fan it proeffjild, hat hege ambysjes mei de ierappels. "Sy moatte better wurde as wat der is. Dat besykje wy hjir, oft wy der boppeút komme kinne."
It bêste ierappelras moat winne op in proeffjild fan de kwekersferiening
It setseizoen begûn let fanwegen it kâlde en wiete waar earder dit jier. Neffens de feriening is it no al in bysûnder seizoen. Sy hawwe te krijen mei opkomstproblemen, drûchte, nei alle gedachten legere opbringsten en dêr komme nochris berjochten oer baktearje- en firussykte by.
In swikje ierappels is al út 'e grûn wei dold © Omrop Fryslân
Sykteresistinsje is dus ek in wichtich punt foar de feriening. "Wy hawwe stadichoan minder gemy ta ús beskikking. Mar wy moatte wol ite mei syn allen", seit Zwart. It docht bliken dat bintsjes noch frij syktegefoelich binne. "Dat is net mear handich foar de boer. Dy wol ek in hege opbringst hawwe."

Meibewege

It waar wurdt hieltyd ekstremer en dat makket mei de oanpassingen yn it gebrûk fan gewaaksbeskermingsmiddels dat it fan belang is goed te witten watfoar rassen goed prestearje. "Je moatte echt mei de natuer meibewege", seit Zwart.
Zwart op it proeffjild yn Easterbierrum © Omrop Fryslân
Yn maart binne der dêrom 63 potinsjele siedlingen sortearre. De standertrassen wurde ferlike mei dy nije siedlingen.
Fan alle 63 rigen binne der fiif planten út de grûn wei helle. "Dy wurde beoardiele. Earst de plant op himsels, it lôf, dan de ierappels op foarm, grutte, kleur, gewicht."
In pear fan de ierappels © Omrop Fryslân
"Der binne ek noch twa rigen dy't wy hielendal útgroeie litte", heakket Zwart dêroan ta. "Yn septimber dolle wy dy derút en dy beoardielje wy dan." Oft it proeffjild echt fertuten dien hat, moat yn novimber bliken dwaan. "Dan is de echte tentoanstelling, dan kin eltsenien sjen wat it bêste is."