Liveblog | 16 july 2023

Sportblog fan 15 en 16 july: Taeke Triemstra komt op ien punt fan Piet Jetze Faber yn ivige keatsklassemint

Yn dit liveblog folgje we de Fryske sport fan dit wykein.

Lêst bywurke: 16 july 2023, 19:50
snein 16 july 2023
19:50

Taeke Triemstra reagearret op it feit dat er de lieding yn it ivige keatsklassemint hast te pakken hat

Taeke Triemstra hat de lieding yn it ivige punteklassemint hast te pakken
19:48

Rick Minnesma kaam ferrassend yn de finale, mar ferlear dy wol

Rick Minnesma kaam ferrassend yn de finale, mar ferlear dy wol
17:49

Monfils, Oosterbaan en Bakker winne by de froulju

It keatsen yn Huzum is by de froulju wûn troch Wybrig Bakker, Anne Monfils en Iris Oosterbaan. Yn de finale wûnen se it troch-inoar-lotsjen mei 5-5 6-4 fan Ilse Tuinenga, Rixt Fokkema en Fiera de Vries. De tredde priis yn Huzum gie nei Roelie Kroondijk, Lisanne Scharringa en Foke Jil Bakker.
16:52

Triemstra wint yn Huzum en kin nije wike rekôr ferbetterje

Taeke Triemstra © Dijks Media
It partoer fan Taeke Triemstra, Gert-Anne van der Bos en Erwin Zijlstra hat de keatspartij yn Huzum wûn. Yn de finale wienen se mei 5-2 6-2 te sterk foar it ferrassende finalepartoer fan Paul Dijkstra, Steven Koster en Rick Minnesma.
Mei de oerwinning yn Huzum komt Triemstra op ien punt fan it rekôr yn it ivige keatsklassemint. Dat bestjut dat er nije wike woansdei yn Minnertsgea Piet Jetze Faber foarby kin.
15:09

Danny Noppert wint earste ronde op World Matchplay

Danny Noppert op argyfbyld © Orange Pictures
Danny Noppert hat de earste ronde fan de World Matchplay yn Blackpool wûn. De darter fan De Jouwer wie mei 10-8 te sterk foar Martin Schindler út Dútslân. Noppert smiet in gemiddelde fan 94,73.
De World Matchplay is ien fan de alve grutte telefyzjetoernoaien fan de PDC. De winner krijt 200.000 pûn, hast 233.000 euro. Noppert hat mei syn oerwinning al goed 17.400 euro by-inoar spile.
Yn de twadde ronde moat Noppert it opnimme tsjin de winner fan it duel tusken Nathan Aspinall en Krzysztof Ratajski.
sneon 15 july 2023
19:50

Cambuur wint oefenwedstriid fan Harkemase Boys

Alex Bangura © Orange Pictures
SC Cambuur heeft de tweede oefenwedstrijd van het seizoen met 4-0 gewonnen van Harkemase Boys. Een kwartier voor tijd maakte Youns El Hilali zijn debuut in Kootstertille.