Fjouwerfâldich PC-winneres Ilse Tuinenga hâldt ek op mei keatsen

Ilse Tuinenga © Dijks Media
Ilse Tuinenga hâldt nei dit seizoen op mei keatsen yn de haadklasse. Dat hat de keatster fan Frjentsjer sneontemiddei bekendmakke nei ôfrin fan de frijeformaasjepartij yn Makkum.
Tuinenga wûn yn har karriêre fjouwer kear de Frouljus PC. Dit seizoen keatst se mei Anne Monfils en Marrit Zeinstra. Beiden joegen earder dit seizoen al oan kommend seizoen net werom te kommen yn it keatssirkwy. Zeinstra wûn trije kear de PC.

Gefoel is der net mear

"Tuerlik sil ik folgjend jier noch wol ris keatse. Ik jou my fêst wol ris mei in frijeformaasjepartoerke op en miskien doch ik dan wer ris even wat oars, gean ik even foaryn stean ofsa", seit Tuinenga.
"It gefoel is der net mear om troch te gean. Je moatte der in hiel soad tiid yn stekke, dat haw ik altyd mei in hiel soad wille dien, mar dat wol net hielendal mear", seit de keatster oer de reden fan har ophâlden.
Tuinenga en Zeinstra hoopje letter dit seizoen Monfils noch wol oan har earste PC-titel te helpen. "En ik wol ek hiel graach myn fiifde hawwe. En ik soe it ek hiel moai fine om dy mei myn freondinnen te winnen. It hiele jier keatse mei harren is al superleuk, dus dat hat ek al hiel belangryk west", sa seit Tuinenga.