Feestlike Pride yn Kollum lûkt hûnderten minsken

Der binne hûnderten minsken ôfkaam op de feestlike Pride yn Kollum. De oankundiging fan it evenemint smiet earder dizze wike fûle reaksjes op op sosjale media, posityf en negatyf.
Sipke Jan Bousema is foar it evenemint nei Kollum ta kaam. "Ik bin Fries, ik hear by de reinbôgefamylje en ik bin hjir om de minsken te stypjen. De learares en Milan, dy ha 3FM útnûge."
"De oanlieding is miskien wat minder, mar it is moai dat it de minsken yn beweging set. Dat is dochs prachtich." It bekladden fan in reinbôgebankje yn it doarp wie de reden foar Kollumers Milan van Brummelen en learares Kim van Soest om 3FM en HUMAN út te nûgjen.

"Dy teksten op dat bankje, dat binne der mar ien of twa dy't dat dogge", seit Bousema. "Fryslân is in hartstikkene leave provinsje. Je sjogge no hoe'n soad minsken hjir it oare lûd ek hearre wolle. Wy binne in hartstikkene noflike provinsje om te wenjen, ik kin mysels hjir wêze."
Hy fynt it organisearjen fan dizze Pride in wichtich sinjaal. "Hjirtroch hawwe minsken it der wer oer. It set de doar iepen fan in kast dy't somtiden ticht sit."
Tsjindemonstraasje
By it evenemint is ek in tsjindemonstrant oanwêzich, hy hat in spandoek mei 'One Love' derop en in krús dertrochhinne. "Dit is gewoon walgelijk", seit Willibrordus van der Weide. Hy fynt dat it gedachteguod dat op de Pride promoate wurdt yn striid is mei de Bijbel.

Fierder stiet it aardich fol en binne der in soad reinbôgeflaggen en kleuren te sjen. Pleatslik Belang Kollum stiet ek efter de Pride, seit foarsitter Paul Maasbommel. "Als Plaatselijk Belang vinden we ook dat we een open en voor iedereen toegankelijk dorp zijn. Daar past dit perfect in."
"Het is door 3FM met een aantal inwoners en de school opgezet. Toen we ervan hoorden, hebben we als Plaatselijk Belang ook gezegd dat we dit een mooie actie vinden. We staan erachter."
Feestlike Pride yn Kollum
De reaksjes op it evenemint binne "overwegend positief", fernimt Maasbommel. "Behalve op internet. Maar ik weet niet waar dat vandaan komt, of dat ook Kollumers zijn. Dat zet men er vaak niet bij."
Arrestaasje
De plysje hat ek noch in 23-jierrige frou oanholden yn Kollum. It giet om in frou út Leiden, dy't har net identifisearje koe en dêrnei útnaaide. Se koe úteinlik oanholden wurde en der is in proses-ferbaal tsjin har opmakke.