Omrop Fryslân komt mei nije podcast: 'Wike yn, wike út'

Omrop Fryslân lansearret in nije podcast: 'Wike yn, wike út.' It is no te finen yn de bekende podcastapps. Foarearst as pilot en yn de takomst op wyklikse basis. Mar wat hâldt dizze podcast krekt yn?
"Der binne alle dagen in soad lanlike podcasts, fan likegoed de NOS as de kranten", seit presintator Wim Brons. "Dêryn djipje se dan ien ûnderwerp út. Dat dogge wy ek, mar dan op wyklikse basis."
Presintator Wim Brons fertelt oer de nije podcast
Podcast sitte al langere tiid yn de lift, seit Brons. "Nijspodcasts binne net it populêrste sjenre, mar wy binne wol benijd hoe't it ûntfongen wurdt. Derom hearre we ek graach de reaksjes."

"It is in pilot foar in wyklikse nijspodcast dat giet oer ien ûnderwerp. It kin wat aktueels wêze fan dy wike, mar it kin ek wat útdjipje oer in ûnderwerp dat al langer spilet", seit Brons.
Lelyline
Yn de earste ôflevering wurdt fuortendaalks in grut dossier oppakt. Oan de redaksjetafel by Omrop Fryslân binne Ljouwerter wethâlder Evert Stellingwerf en polityk ferslachjouwer Onno Falkena te gast.
Sy beprate de stân fan saken om de Lelyline hinne en de mooglike rol fan Ljouwert yn dizze spoarferbining. Stellingwerf sjocht leaver dat it byld fan de 'Lelyline nei Grins' ombûge wurdt yn de 'Lelyline nei Grins en Ljouwert.' Eltsenien wol wat fan de spoarline, it is ek in toulûkerij.
Oan tafel waard praat oer de skiednis fan de line, de stân fan saken en de rol fan Ljouwert. Dêrneist ferskynde resint in plan fan de Deutsche Bahn wêryn't de Lelyline ek tekene stiet. De feroaringen yn de Fryske polityk kinne ek gefolgen hawwe foar de spoarline.
Entûsjasme en krityk op de spoarline
Ut it ûndersyk is nei foaren kaam dat de oanlis fan in Lelyline 11 persint goedkeaper wêze soe as de fernijing fan besteand spoar fiar Swolle. De ferbining stie dêrmei wer hielendal op de politike kaart.
De NS liet yn 2020 witte dat sy de oanlis fan de Lelyline wol wolle en yn 2021 waard de realisaasje fan it spoar opnaam yn it regearakkoart fan it kabinet-Rutte IV. Sûnt ein ferline jier steane der ek yn Brussel wichtige seinen op grien.
Mar dochs wurdt it plan lang net troch eltsenien omearme. Der is ek in soad krityk. Dat hat yn in soad gefallen te krijen mei it Delptaplan voor het Noorden en it plan dat de komst fan de spoarline hân yn hân mei in soad wentebou gean moat. De FNP wie as partij yn de ferkiezingen foar de Provinsjale Steaten bygelyks tige kritysk.
Harkje hjir nei de folsleine ôflevering fan 'Wike yn, wike út'
De podcast is te finen yn Spotify en Apple Podcasts. Klik op de linkjes foar de podcastpagina. Om't it om in pilot giet wurdt de podcast ek foarlein oan it panel fan Omrop Fryslân.