Liveblog | 15 july

112-nijs fan 15 july: Autobrân op N31 by De Pein | Arrestaasje by Pride yn Kollum

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 15 july, 21:35
21:35

Autobrân op de N31 by De Pein

© SRFotografie
De brânwacht fan Aldegea (Smel.) is sneontejûn om njoggen oere hinne oproppen foar in autobrân op de N31 by De Pein. De bestjoerder koe de auto sels oan de kant fan de dyk krije en de brânwacht ynljochtsje.
De brân wie rap ûnder kontrôle, it ferkear hie mar koart lêst fan de brân.
19:55

Auto knalt tsjin beam yn Elslo

De auto rekke bot skansearre by de botsing © Persbureau Meter
Op de Peperstraat yn Elslo is fan 'e jûn in auto fan 'e dyk rekke en tsjin in beam botst. De bestjoerder rekke dêrby ferwûne en waard behannele yn de ambulânse.
De auto is troch in berger ôfsleept. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.
19:46

Arrestaasje by Pride yn Kollum

© ProNews Producties
De plysje hat sneontemiddei by de Pride yn Kollum in 23-jierrige frou oanholden. It giet om in frou út Leiden, dy't har net identifisearje koe en dêrnei útnaaide.
Se koe úteinlik oanholden wurde en der is in proses-ferbaal tsjin har opmakke.
19:06

Waterballet yn Ljouwert

Op ferskate plakken yn de provinsje is hjoed in soad reinwetter fallen. Op de Aldlânsdyk yn Ljouwert koenen de putten it net hielendal oan.
15:10

Brânwacht yn aksje foar dúnbrân by Midslân oan See op Skylge

De brânwacht yn de dunen fan Skylge © Omroep Zilt
De brânwacht is tsjin it middeisoere oproppen foar in melding fan in dún- en wenningbrân by Midsland aan Zee op Skylge. By oankomst die bliken dat it gong om in brân yn in dún njonken de wenning. Fanwegen de drûchte en de neistlizzende wenning mei reidtek waard rap opskaald.
De bewenners wienen mei de túnslang al begûn om it fjoer út te meitsjen. De brânwacht naam it dêrnei oer en hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De oarsaak fan de brân wurdt noch ûndersocht.
09:26

Fakânsjetiid: mear ynbraken op It Hearrenfean

Dizze doar is iepenbrutsen troch ynbrekkers © @WA_Heerenveen
De plysje op It Hearrenfean warskôget foar ynbrekkers. De fakânsjetiid komt der wer oan. "We zien nu helaas al een stijgende lijn in de inbraken", lit in wykagint witte. "Zorg dat je huis er bewoond uitziet, tijdschakelaar aan, borden, kopjes en tijdschrift op tafel. Waardevolle spullen uit het zicht", sa tipt de plysje.