FryslânDOK 'De boaiem berikt': "Biologysk ite moat mainstream wurde"

Martien Lankester © Omrop Fryslân
Om mear minsken te stimulearjen biologysk te iten, giet yn de Greidhoeke it pilotprojekt 'Bioregio' fan start. Yn diel 2 fan de FryslânDOK 'De boaiem berikt' giet it oer de relaasje tusken in sûne boaiem en sûne minsken. Dit wykein te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân.
Stadichoan steapelje de bewizen har op dat ús ytpatroan liedt ta sterk tanimmende sûnensproblemen en tanimmende kosten yn de sûnenssoarch. Dochs bliuwt it oandiel biologyske lânbou noch altyd ûnder de fiif persint stykjen.
Salang't de fraach net tanimt, sil it foar de lânbousektor ek dreech wêze om oer te gean op mear biologysk buorkjen.
De biologyske buertmerk Eco Erf yn Boalsert © Omrop Fryslân
Om dy situaasje troch te brekken, binne nije inisjativen nedich. Dat is de oertsjûging fan Martien Lankester út Iens. Hy is oplaat ta dokter en hâldt him syn hiele libben lang al dwaande mei it effekt dat iten op de sûnens fan minsken hat. Hy fynt it no heech tiid wurden om biologysk iten 'mainstream' te meitsjen.
Martien Lankester yn petear mei BBB-lieder Caroline van der Plas © Omrop Fryslân
Mei it projekt 'Bioregio' wol Lankester sjen wat der nedich is om minsken manmachtich oan it biologysk iten te krijen. In wichtich punt is fansels it priisferskil.

Koarting

Hy tinkt dat dat op te lossen is troch konsuminten koarting te jaan op biologyske produkten. Dat soe betelle wurde kinne troch it jild dat besparre wurdt yn de sûnenssoarch, as minsken sûner ite. Mooglik soenen dy minsken ek koarting krije kinne op har syktekostepreemje.
Dêrnjonken wol Lankester ûndersykje litte hoe sterk oft de relaasje is tusken sûn iten en sûne minsken. As dy relaasje better oantoand wurde kin, is it foar de soarch ek nijsgjirriger om mei te dwaan oan ditsoarte fan inisjativen. Lankester wol mei alle partijen, fan boeren oant soarchfersekerders, yn petear.
In wiidweidich petear mei Martien Lankester is as podcast te beharkjen op ferskate podcastplatfoarms ûnder de namme 'FryslânDOK - de boaiem berikt'.
Op 'Us Hôf' yn Sibrandabuorren soargje minsken sels foar har biologyske iten © Omrop Fryslân
Al yn 1980 stie Martien Lankester oan de basis fan in groepke pioniers: in achttal boeren om Wommels hinne dy't as earsten biologysk-dynamysk begûnen te buorkjen. De boeren waarden destiids nuver oansjoen, mar de measten hawwe it oprêden en hawwe no opfolgers dy't noch altyd biologysk wurkje.

Bio

Ien fan har is Wytze Brandsma fan Boalsert. Hy leaut grif yn de sûnens fan syn suvel, en is derfan oertsjûge dat 'bio' ta in sûner plattelân liedt, dêr't elk fan opknapt, fysyk en mentaal.
Biologysk-dynamyske boer Wytze Brandsma © Omrop Fryslân
FryslânDOK 'De boaiem berikt' - diel 2 (werhelling fan 28/29 jannewaris 2023)
Sneon 15 july NPO2 15.30 oere (werhelling snein 13.23 oere)
Snein 16 july Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.