Noch in soad ûndúdlik foar VanMoof-brûkers fan Friesland Lease

In fyts fan VanMoof © ANP
By leasemaatskippij Friesland Lease stiet de telefoan readgleon. Troch it driigjende fallisemint fan fytseprodusint VanMoof witte hûnderten brûkers net wêr't se oan ta binne.
Fytse dy't foar reparaasje by VanMoof stean, komme foarearst net werom. Boppedat kinne VanMoof-fytsen allinnich mei in app fan de fytseprodusint sels fan it slot helle wurde. It is net dúdlik oft dy app yn de loft bliuwt as VanMoof fallyt gean soe.
It rommele al in skoftke om VanMoof-fytsen hinne, benammen fanwege reparaasjes dy't net útfierd wurde koene. Mar doe't ôfrûne woansdei it nijs útkaam dat VanMoof útstel fan betelling oanfrege hie, waard it pas echt drok foar Friesland Lease, neffens direkteur Jan Baljeu.
"De telefoonlijnen stonden roodgloeiend. We hebben alles gedaan wat we kunnen doen om alle vragen zo goed mogelijk te beantwoorden. Sommige vragen kunnen we ook nog niet beantwoorden", seit hy.

Fyts foarearst kwyt

Hoewol't de fytsen eigendom binne fan de leasemaatskippij, binne klanten fan wa't de fyts foar reparaasje by VanMoof stiet dy foarearst kwyt. "Die zullen we nog wel een keer terugkrijgen", seit Baljeu. "Maar wanneer dat is, dat zullen we met de bewindvoerder moeten afstemmen."
Direkteur Jan Baljeu fan Friesland Lease © Omrop Fryslân
Ek is noch net dúdlik wat in eventueel fallisemint fan VanMoof betsjutte soe foar de brûkberens fan de fytsen. Dy kinne nammentlik allinnich fan it slot helle wurde mei in app fan VanMoof sels.
Neffens Baljeu wurdt der drok sjoen nei oplossingen hjirfoar: "Er zijn zelfs al concurrenten die dezelfde technologie gebruiken als VanMoof waar die fiets open en dicht mee kan."

Oplossing

Friesland Lease hat sa'n 3.000 oant 4.000 VanMoof-fytsen yn de float. Dat fertsjintwurdiget in oankeapwearde fan om de tsien miljoen euro hinne. "Wij hebben een groot aandeel VanMoof-fietsen opgebouwd", fertelt Baljeu.
"Tot nu toe zijn wij de leasepartner van VanMoof. Wij doen ook hun abonnementsvormen. Die samenwerking zijn we jaren geleden gestart en dat is toch wel groot geworden."
Dochs sjocht Baljeu gjin rol foar Friesland Lease yn it oplossen fan de finansjele problemen by VanMoof. "Dat is echt een uitdaging, het herfinancieren van een bedrijf. Het is natuurlijk gewoon maar een leverancier van ons. Voor onze klanten zullen we zo goed mogelijk een oplossing proberen te vinden, maar wij hebben weinig invloed op wat voor stappen zo'n bewindvoerder zal nemen."