Dichter plakt kabelkastjes Drachten fol: "Se binne sa lilk"

Drachten wer in stikje moaier meitsje. Dat is it doel fan dichter Andries de Jong. Hy beplakt dêrom kabelkastjes mei syn eigen gedichten.
It idee ûntstie doe't De Jong him begûn te steuren oan de kastjes. "Se binne allegear sa ferskriklik lilk makke troch jongeren dy't der graffity op spuite."
Dichter beplakt kabelkastjes Drachten
De Jong wie yn 2017 en 2018 gemeentedichter yn Drachten. Hy betinkt faker ludike aksjes om gedichten oan te bringen yn de iepenbiere romte. "Sadat minsken allegear gedichten lêze kinne. En wat is it leuk om hjir mei de hûn te rinnen of efkes fan de fyts ôf te stappen. Dat liket my in leuk idee."
Besmoarge mei farve
Ien fan de kastjes dy't De Jong freedtemoarn beplakt hat, is folslein besmoarge mei farve. "Moatst ris sjen. Der is mei blau, grien en wyt oerhinne spuite. Trije kear hat immen syn eigen tag der opset."
"Hûnen mige der tsjinoan. It binne gewoan lilke kastjes", seit De Jong. Tegearre mei Hylko Loonstra fan in reklameburo plakt hy ien fan syn gedichten oer de graffity. "Dit is dochs folle moaier sa."

De hoop is dat de minsken net wer mei graffity oer de gedichten spuitsje. Mar de hûnen hâlde je net tsjin. "Ik ha in doekje en in fleske spuitguod. Dan gean ik alle wiken by de gedichten del om se efkes skjin te meitsjen."
Dat is noch in aardige put, want der binne no 25 kastjes beplakt mei gedichten. En dêr bliuwt it net by. "Wy ha al fragen út Beetstersweach en Surhústerfean", seit de Jong.
Gedicht op in kastje
"Eindelijk lijkt het gesprek ergens naartoe te gaan. Ik trek een jas aan want ik wil mee."
Mar dêrfoar moat earst wol jild ophelle wurde. "Wy wurkje mei in reklameburo dat de foarmjouwing docht. Dy stikker moat makke en opplakt wurde, dat kostet sinten."

It giet om hûndert euro de gedicht, seit de Jong. "Wy besykje minsken entûsjast te meitsjen en oan te stekken. En wa't in gedicht adoptearje wol, dy kin hûndert euro betelje en him dan yn de eigen strjitte plakke."
Dat kin in besteand gedicht wêze, mar De Jong skriuwt ek persoanlike gedichten.