Timo Zaal makket de oerstap fan sc Hearrenfean nei Feyenoord

Timo Zaal © Orange Pictures
Ljouwerter Timo Zaal giet fan fan sc Hearrenfean nei Feyenoord. De 19-jierrige ferdigener dy't ek op it middenfjild spylje kin, tekenet in kontrakt foar twa seizoenen by de lânskampioen út Rotterdam. Zaal slút yn earste ynstânsje oan by Feyenoord Under 21.
Zaal begûn by LAC Frisia, gie nei Cambuur en makke dêrnei de oerstap nei Hearrenfean. Dêr spile hy acht seizoenen yn de jeugdoplieding. De Ljouwerter makke yn it seizoen 2021/2022 syn debút yn it earste alvetal fan de Friezen. Yn totaal spile hy trije earedivyzjewedstriden.