Tal oanfragen by Stichting Leergeld groeit eksplosyf: "Veel meer nieuwe gezinnen"

© ANP
Hieltyd mear Friezen mei in smelle beurs klopje oan by Stichting Leergeld foar in bydrage foar harren bern. Alden freegje in fergoeding foar bygelyks skoalguod, skoalreiskes of swimles.
"We hebben over 2022 al in stijging van 30 procent gezien en nu over het eerste half jaar van 2023 zien we weer zo'n grote stijging", seit Jet van Gelder fan Stichting Leergeld Ljouwert.
It giet mei-inoar om tûzenen oanfragen, fertelt Van Gelder. "Wij hebben in 2022 een dikke 12.000 aanvragen gehad, en dan heb ik het niet over heel Fryslân, maar alleen over mijn stukje van de stichting. Dat is Leeuwarden, Tytsjerksteradiel, Waadhoeke en Harlingen."

Soarchlik

By de oare ôfdielingen fan Stichting Leergeld yn Fryslân binne de sifers fergelykber, seit Van Gelder. Neffens har giet it faak om húshâldingen dy't noch net earder in oanfraach dien ha by de stichting.
"Wat wij heel duidelijk zien, is dat steeds meer gezinnen zich bij ons melden die als het ware in armoede geraken en die vroeger die aanvraag niet zouden hebben gedaan. Wij hebben dus niet alleen een stijging van het aantal aanvragen, maar van heel veel meer nieuwe gezinnen. Dat vinden we heel zorgwekkend."
Yn in soad gefallen binne it minsken dy't wol in baan ha, mar finansjeel net mear rûnkomme kinne trochdat alles djoerder wurden is. "Wij helpen gezinnen die een netto inkomen per maand van rond de 1.800 euro hebben."
Dit jaar explodeert het gewoon.
Jet van Gelder fan Stichting Leergeld Ljouwert oer de oanfragen foar de Schoolspullenpas
De stichting kin it oantal ekstra oanfragen amper oan, fertelt Van Gelder. "Op het moment hebben we het wel even zwaar. Dat is omdat we bezig zijn voor kinderen met onze actie van de Schoolspullenpas."
Mei sa'n pas kinne alle bern fan 4 oant 18 jier yn in grut tal winkels guod foar skoalle keapje. "Dat is altijd al een populaire actie, maar dit jaar explodeert het gewoon. Daar komen dan ook nog nieuwe gezinnen bij."
Van Gelder lit witte dat elkenien dy't in oanfraach dien hat, holpen wurdt. "Maar we lopen een beetje achter, want we krijgen het even niet rond."