Gemeente Skylge wol goed plak foar seesleepboat Holland nei meardere oanfarringen

De gemeente Skylge sil him ynsette foar in moai en feilich plak foar de seesleepboat Holland yn de haven. Op dit stuit wurdt der yn Harns hurd wurke om de seesleepboat nei meardere oanfarringen te reparearjen.
It skip kaam sneon 1 july yn oanfarring mei de kade op Skylge. Dat wie it tredde ynsidint yn krekt wat mear as in jier tiid. En dus koene maatregels no net mear útbliuwe. It skip sil tenei de haven fan Skylge net mear ynfarre.
De Holland lei earst altyd oan it saneamde skeane kantsje yn de haven. Mar doe't yn 2020 de twa nije fearboaten fan Rederij Doeksen yn gebrûk naam waarden, waard dat plak it lisplak foar de reserveboat fan de rederij.
De Holland moast útwike en de gemeente tocht mei. "It skeane kantsje is yn behear by Rykswettersteat, mar wy woene wol de seesleepboat in moai plak yn de haven jaan", seit wethâlder Jeltje Hoekstra.

"Doe hiene wy de grutte steger betocht, allinnich hawwe sy dêr spitigernôch ek in tal kear in akkefytsje hân wêrtroch de steger net mear feilich is foar sa'n swier skip." De grutste skea oan de steger ûntstie op 16 oktober 2022. Doe fear it skip efterút dwers troch de houten steger hinne.
No't bliken docht dat it skip ek net sûnder slach of stjit hielendal achter yn de haven komme kin, hawwe behearders besletten de haven fan Skylge te mijen. Oant wannear is net bekend, mar de wethâlder wol by de werynrjochting fan de haven in moaie en foaral feilich plak kreëarje.
"Ik fyn it wichtich dat dit soarte ikoanen ek in plak yn ús haven fine kinne."